Wepperkes -freed-

Dit hiene de seleksjes west
9 februari 2007
SDS League ynleverje!
10 februari 2007

It giet oer
Freedtemiddei is bekind makke dat it fuotbaljen sneon net troch giet. De KNVB hat alles ôflast.

SDS 1 oefent tsjin Ljouwerter Sweltsjes 1
Om 13.00 oere fuort en om 14.30 oere fuotbalje. Dat is it programma fan de seleksje fan SDS 1. Yn Ljouwert trede sij oan tsjin 1ste klasser Ljouwerter Sweltsjes.

SDS 2 nei ONT 2
SDS 2 sil sneontemiddei om 14.00 oere oefenje tsjin ONT 2 yn de Pein. Dat is krekt bekind wurden. Men giet om 12.30 fuort. De
seleksje is bekind en wurdt útwreide mei Gerrit Terpstra. Mocht er immen net kinne dan jûn ôfbelje bij Jan de Jong.
Graach in auto meinimme sneon, sei Gert Jan derbij.
(It fjild wurdt moarnier noch wol efkes besjoen, dus hâld dizze side yn de gaten)

Formulier ynleverje
No’t it fuotbaljen ôflast is, is der fansels alle tiid om efkes it league formulier yn te fullen. Bring it dan wol sa gau mooglik nei Willem. It moat der foar snein wêze. Wa’t it formulier net ynlevert bliuwt spyljen mei it team fan de earste helte. En dat wie foar sommigen net suksesfol.

SDS 5 nei Aris
It fuotbaljen giet dan sneon wol net troch, it útstapke fan SDS 5 wol. De bedoeling is no om 18.30 oere ôf te reizgjen nei Ljouwert.

Ald SDS trainer nei Afrika
Wij bliuwe ús eardere SDS trainers folgen. Koene wij dizze wike al melde dat Lykle Bleekveld nei Nijland giet, no is der nijs fan in oare âld SDS – trainer. Sjoch mar nei
dit berjocht

Emoasjes
Wij hâlde wol fan emoasjes. Seker bij sport heart dat er hielendal bij. Oan de kant bij it fuotbaljen wine wij ús ek wolris op. Gelokkich toane wij efter de kompjoeter wat minder emoasjes want oars waard it wol in djoere grap. Kommentaar fan Anna Marie en Popko op
dit filmke: At se sa reageare, dan wurdt it tiid foar (Frysk) damjen.

Pikefel(13)
Soe ’t moarn mei SDS 5 by Aris der ek sa oan ta gean?(klik hjir).

Hawwe jim wat te melden oer dizze kommende frije sneon dan kin dat fansels. Mail it berjocht nei dit adres.