Wepperkes -freed-

Froulju krije trainen fan Marcel.
28 september 2006
Seleksjes -sneon-
29 september 2006

Seleksjes
It wie justerjûn wer in hiele toer om 5 teams gear te stallen foar sneon. Sjoch hjir fanmiddei foar it rissultaat.

Wedstrydsponsors
Moarn spilet SDS 1 om 14.30 thús tsjin Buitenpost 1. De wedstrydsponsors binne moarn:
Heerma Verzekeringen
Muta Sport

Futsalprogramma
Wy hawwe it futsalprogramma fan SDS 1 binnen. Klik
hjir om it te besjen.

Beste pingel
Yure Cornelisse fan FC Groningen wie juster net sa lokkich mei syn miste penalty. Dizze jonge kin al gnize om syn miste pingel(klik hjir).

Pasfoto kwyt
Wa is der juster ûndersteande pasfoto ferlern yn de fuotbalkantine? Wy hawwe gjin idee fan wa ’t der wêze kin. Sneon is de pasfoto ôf te heljen yn de kantine. Der kin efentueel pasfoto’s bybesteld wurde.

Wa mist dizze pasfoto?

Taktyk
De koaches fan futsal 2 hawwe de wyn der aardich ûnder. Samme en Gerard hawwe mei harren team alles noch wûn. Nei in 2-0 efterstân woansdei tsjin MKV setten sy de boel om en waard der úteinlik noch mei 14-3(!?) wûn. Klik hjir foar de taktyske útlis fan Gerard van Asselt oer dizze wedstryd.

Net bliid?
Wat is dit? frouljesfoutbal?
We hâlde binnen de COVOS fereniging al gjin leden mear oer omdat de jonges graach foutbalje wolle mar no begjinne de froulju ek noch.
En dan te ferstean dat ik op de foto twa froulju út in foljebalteam sjoch besteande út mar 7 spilers.
Ik bin trouwens wol beniid at se ek drave wolle, want dat is yn de seal in drama!!!
Mar miskien skeelt it dat der in jonge fint foar stiet?????????????
Groetnis de foljebaltrainster

Moai lot?
SC Heerenveen gie juster sûnder problemen troch nei de folgende ronde yn de UEFA-cup. Klik hjir om te sjen welke ploegen as sy treffe kinne yn de poulefase. SC Heerenveen sit yn de 3e pot en sitte wierskynlik yn in waarm boltsje. Omrop Fryslân tinkt dat SC Heerenveen lêstige ploegen ûntrint, mar ferjit te sizzen dat sy noch lestigere ploegen treffe kin. Ek geane sy der fanút dat SC Heerenveen 3 kear thús mei.

The Shavers
Sneon komme The Shavers nei Poppodium Romein yn Ljouwert. Miskien wat foar Aant?