Froulju krije trainen fan Marcel.

Wepperkes -tongersdei-
27 september 2006
Wepperkes -freed-
28 september 2006

Ôfrûne tiisdei krigen 12 froulju trainen fan Marcel Frankena. Hjir in ferslach en foto’s mei tank oan Feike Jorritsma en Tettje de Boer.

We ha tiisdeitejûn efkes bij de training sjoen fan de froulju [dochter] dy sy krigen fan Marcel Frankena.
De froulju hienen der in hiel soad sin oan en wienen dan ek best wol fanatiek. Marcel kaam healwei de training efkes bij ûs en sei ek dat se best wol in boltsje traapje koenen . Hij hie der op rekkene dat it wat gegiegel wurde soe mar dit foel dus ta. De froulju sille folgende wike it wer op ‘e nij besykje om in boltsje te skoppen ûnder begelieding fan Marcel.
Namens de famkes , SUPER dat Marcel harren sa in pear trainingen jouwt , en wa wit bliuwt der in dames team fan oer.
Gr Tettje.



De 12 froulju mei Marcel.


De froulju hienen der al nocht yn.


Safolle taskôgers binne der nea by it trainen fan de A-seleksje.


Dy froulju haww noch aardich wat yn ‘e bouten.


De froulju wienen aardich ûnder de yndruk fan Marcel syn praatsje.


Marcel stie fersteld fan de ynset fan de jonge froulju.


Marcel moast ek wolris fiskje.


Foar de keepster wie it noch efkes wennen. Sy tocht efkes dat sy by it follybalnet stie.


Marcel hie ynskatten dat it in ienmalich gebeuren wêze soe. Dat hat hy dus mis.
Sy komme kommende tiisdei dus wer tusken 18.00 en 19.00 en neffens de froulju binne der dan noch mear (sa’n 16 stiks).
Marcel hat tasein dat as se dan noch sa graach fuotbalje wolle dat der dan praat wurde moat mei SDS oer in goeie oplossing foar de training.
Groeten, Feike