Evenementen in december 2022

Wepperkes -tongersdei-
26 juli 2006
Einstân doelpuntenklassemint 2005-2006
28 juli 2006

Top punt
Je hawwe alle wiken wol wat, wêr’t je je oer ferbaze. Dat meitsje wij net altyd wrâldkundich, mar dizze wike wol. Wij wiene ferrast, ferbaasd, ferbjustere en tagelyk optein dat good-old Floris Hiemstra dizze wike twa kear frijwillich traind hat, ûnder tropyske omstannichheden. En as aboslute hichtepunt kinne wij melde dat hij earst ek noch hielendal op de fyts nei Wommels kommen wie en laitsjend oankaam.


…en hij is ek wer op de fyts werom gien……

Al wer 13 man
It hâldt mar oan. Tongersdei wiene der al wer 13 man op de iepen WK yn Wommels. Undanks it feit dat sommigen it jongfeintebier noch yn de fuotten hiene. Dizze kear koene se wer telâne op it eardere fuotbalfjild.

Seare tean
Ûndanks syn seare tean die Hendrik de Jong juster gewoan mei op it iepen WK yn Wommels. Syn tean seach der dan ek fêst better út as dizze:

Kieze
Foar sommigen is it dreech om te kiezen: fuotbalje of keatse. Erik Haitsma stie foar in drege kar want in oantal PC keatsers hiene it keatsfjild fan Wommels útsocht om efkes te oefenjen. Erik hie krekt trije jûn en/of dagen keatst en woe no wolris efkes fuotbalje. Dat kinne wij ús goed foarstelle. Der wiene guon dy tochten dêr oars oer.

Oan Ayaan!
Wy binne(lykas Johan Cruijff) noch altiten fan miening dat hie minister Verdonk tastien dat Kalou in Nederlâns paspoart krigen hie wy mei it Nederlâns alvetal folle fierder kamen wienen op it WK. Minister Verdonk hat hjirfoar noait har ekskuses oanbean. Wol komt se no nochris mei in ekskuusbrief oan Hirsi Ali(klik hjir).

Tips foar sneon

  • Fierljeppen yn it Heidenskip..middeis en jûns. Bij de jonges docht Evert Ane Abma (soan fan Harm en Anke)mei en hij is lêste tiid tige suksesfol bij de jonges
  • De Pieter Weening Classic fytse fanút Surhusterfean-  oerdei
  • Buitenpost – sc Heerenveen om 19.00 yn Bûtenpost
  • Haadklassers keatse yn Seisbierrum
  • Earste klassers keatse yn Hallum
  • Nei it Jehovakongres yn Hearrenfean (it is sneontemoarn dus rêstich yn de strjitte)
  • Nei de iepeningswedstryd fan it SKS Skûtsjesilen yn Grou
  • Mei de boat nei de Feanhoop om jûns te genietsjen fan Normaal
  • Fervje of klusse of oare dingen om hús hinne dy’t net leuk binne
  • Mei de frou nei de stêd, want it is hast de lêste fuotballeaze sneon

Hawwe jim mear tips, mail it ús