Wepperkes -freed-

Wk nei 44 wedstriden
22 juni 2006
Wk nei 46 wedstriden
23 juni 2006

Swart wint wer
Juster wiene der 7 man te fuotbaljen yn Wommels. Nûmer 8(Gerlof-Jan) kaam net opdagen wêrtroch der in partijtsje ûntstie fan 4(swart) tsjin 3(blau). Swart(Mark, Hendrik E., Ralph en Arjen) wûn, mei in man mear, de wedstryd úteinlik mar krekt fan blau(Erik, Henk en Willem). Meast opfallend wie it spul fan Arjen(Schnappie) dy ’t spesjaal foar dizze partij oerkommen wie út Dútslân.

Negatyf fan foto

Dizze wike lieten wij dizze foto sjen, mei de fraach wa’t dit binne. Wij krigen twa reaksjes. Arnold Hoekstra wist mei wat technysk ynsjoch der efter te kommen wa’t dit wiene en hij hie it goed, en Petra Wijnia seach wol fan har sels. Allinne dat mantsje dêrbij is Trienus net.
 
Moarn kinne jim sjen wa’t dit binne.
Maile kin noch altiten nei ús
emailadres!

SDS
Woansdei nei de wedstryd Nederlân-Argentinië foel 1 ding bot op. It like of wie Geart Hiemstra yn ’t stadion(der wie hieltiten in man mei in burdsje yn byld) en dêrfoar wie spesjaal in befeiligensbedriuw ynskeakele. Dit hienen sy op ‘e jaskes stean:

WK stân
Jûn om 18.00 en 23.00 oere kinne jim de stân wer sjen fan de WK league. Dan binne ek alle 1/8 finalsiten bekind en binne wij benijd wa’t as koprinner de folgende ronde yngiet.

Letter hjoed mear!