Wepperkes – freed 11-3 –

Seleksjes senioaren foar sneon.
11 maart 2005
Útslagen SDS sneon 12 maart
12 maart 2005

Hoe komt it moarn?
It is fansels spannend hjoed en moarn. Giet it fuotbal wol of net troch sneon. Ruurd Boorsma hat de infolijn fan de KNVB skille: Men giet net oer ta in algehiele ôflasting. De klups sille it sels beoardiele moatte. Dat wurdt moarn dus wer in hiele drokte. Wy hope yn alle gefallen dat wy betiid berjocht krije oer it net troch gean fan bepaalde wedstriden.

Mocht der iets net trochgean wolle jimme dat dan efkes hjir trochjaan.

Hoe komt it moarn yn Broeksterwâlde?
SDS 1 moat moarn nei Broekster Boys. Giet it wol as net troch? Dit mailtsje krigen wy út de Broek:
Dei Willem Wijnia,
It fjild wie hjoed yn in ridlike kondysje. It hinget hielendal ôf fan it wetter/wiete snie wat der noch komt foar 11.00 oere moarntemoanne. Bliuwt it (min of mear) droech, dan giet it oan!
mei groetnis,
Klaas Fokkinga
foarsitter Broekster Boys


Al wer froulju
De froulju fan doe krije der mar net genôch fan. No krigen wy fan Jetske Reitsma (no Jetske Bakker-Reitsma) fan Menaam in foto en in artikel út de Boalserter krante.

Jim kinne de foto’s fine by historie

Dwarsligger
Ofrûne tiisdei wiene der problemen mei Nederlân 2. En dat kaam min út. Net omdat wy Lingo dan net sjen koene mar omdat Chelsea-Barcelona om 20.45 kaam. Lokkich kinne wy Belgie ek krije en it wie dus dûbele wille. In prima wedstriid en leuk kommentaar. Want doe’t er in bal op de latte kaam, wie it kommentaar: “Op de bovenkant van de dwarsligger”. Tja, sa kinne je dat wol neame. Letterlik en figuerlik in dwerslizzer.

Wiljan Vloet
Dat is dy man dy’t fan dy sprekkende eagen hat , mar gjin oansprekkende resultaten hellet mei Roda. Dizze wike mochten je op de VI-site fan him in spotprint meitsje. Dat is goed slagge. Sjoch hjir.

Spultsje
Wurdt it fuotbaljen moarn al ôflast dan hat Mark Postma in leuk spultsje foar eltsenien betocht. Der is wol ienige fuotbalkennis foar nedich. Wy binne benijd nei jimme skore. Klik hjir.

Letter fêst mear wepperkes.