Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
15 februari 2006
Utslaggen 18-2-2006
17 februari 2006

Seleksje SDS A1
Allinne SDS A1 spilet moarn yn Easterein. Sy spylje om 14.30 tsjin Sint Anne A1. Dizze spilers binne troch trainer Marco Hoekstra selekteare:
Korné, Geert, Feiko, Jelmer, Sybren, Douwe, Malcolm, Andrew, Bauke, Erwin, Johannes, Arjen, Vitor, Ralph, Jildert en Redmer. Paul(toeterje), Pytrik(wintersport) en
Jehannes (yn Dútslân) binne der net.

Net oefenje
SDS 1 hat sneon net in oefenwedstryd. Be Quick Dokkum hie te min minsken. De spilers fan SDS 1 hawwe no hielendal frij want der wurdt ek net traint.

Ôflast?
Wy ferwachtsje net dat de KNVB de wedstriden foar moarn ôflassen giet, mar je witte it noait. Hâld dus de websides fan de KNVB en teletekst(nr.603) yn de gaten.

Puntsjes der bij en ……..puntsjes derôf
Der waard justerjûn bij de training fan it earste wer fûleindich striden om de punten. En dat yn de drekbende.
De “Van Hooydonk” waard ek efkes oefene, want it glide aardich.
Doe’t Skelte thús kaam mei syn smoarge bende foetere mem Doet wol wat.
“Ik haw der wol wer 5 punten bij” ferdigene Skelte syn smoarge wask.
“Bij mij hast der 5 punten ôf ” joech mem gelyk oan.
Dat sjit dus net op.

Spiler fan ’t jier
Juster koenen der by SDS 1 op trainen 5 bonuspunten fertsjinne wurde mei de Bep Bakhuys-trofee. Dizze punten waarden pakt troch Skelte(sjocht mem no wol!) en Ruurd. Dit is de no nije stân yn de spiler fan it jier-klassemint.

Jacuzzi
Jentsje(stofwolk), Hendrik(henkie cola),Pieter(hongaar), Christian(tuno), Syb(seriewerk), Hampie(tilly, hampie,hampie spaarpot) en Gerard(knutsel) binne lesten moai op fakansje west. Sy binne net folle út harren húske west. Sy kamen allinne mar bûten om sa no en dan efkes in dûk te nimmen yn de jacuzzi………



Letter mear!