Wepperkes (6)

Freonen fan SDS(2)
28 december 2003
Nij rookbeleid……
29 december 2003

Allegear nijs dizze dagen:

* Eric Schuitemaker út Wommels is no trainer by Creil en giet kommend seizoen Waterpoort Boys trainen yn ‘e 2e klasse.

* Âld-SDS’er Klaas Westra is gjin trainer mear by Harkemase Boys 2. Kommend seizoen wurdt hy trainer by 4e klasser DWP út Sint-Jânsgea.

* At je no moarn (moandei) neat te dwaan hawwe sjoch dan efkes yn ‘e sporthal yn Easterein. Om 13:00 oere is hjir it KNVB toernooi foar de D1 as foarronde fan it Frysk Kampioenskip yn ‘e Trije yn Frentsjer.

* Tiisdei spilet SDS A1 hun foarronde foar it Frysk Kampioenskip fanôf 13:45 oere yn ‘e WZS hal yn Snits.

* De middenstip is fan it fjild helle en it kastke by Klaas en Sieta foar is ek jatten. We fertinke Skearnegoutum.

* Sa at it no stiet flagget Willem Overal de rest fan it seizoen by SDS 1.

* Klaas de Haan fynt de jeugdtrainer wichtiger as de hoofdtrainer en dêrom is it belachelijk dat der neat op de side stiet. Hy wol sels wol op de list mar dan wol mei Tineke Meijer as assistent. (Wy sille dizze wike in list meitsje)

* Yn Frentsjer is mei de krystdagen wer fuotballe om de Iepen Frentsjerter Kryst-titel. It 1e sealteam fan SDS die hjir jieren oan mei as Rabobank Easterein. Nei it 2 kear wûn te hawwen en 2 kear krekt neist de prizen grepen te hawwen, dienen sy dit kear net mei. Foar de Frentsjerters net sa gek want foar it earst yn jieren wûn der wer ris in ploegje út Frentsjer. Zuup Plus (foarhinne Super de Boer) wûn yn ‘e finale fan De Doelen (lês Mulier). Ien SDS’er die dit Krysttoernoai al mei. Willem Wijnia waard mei Leeuwarder Onderlinge 6e. Âld-SDS’er Jacob Tymersma die mei foar “de Driesprong” fan Winsum.