Wepperkes

SDS 2 op tiid yn ‘e kantine
16 november 2003
SDS1 oppermachtig in topper
16 november 2003

Midwintertournooi

Midden jannewaris wurdt it midwinter futsaltoernooi wer holden yn it Fec yn Ljouwert. De lotting hat 16 novimber plakfûn.

SDS 1 sit yn poule 12 mei Res, ONT, Veenwouden, Franeker en Heerenveense Boys ta.

SDS 2 sit yn poule 13. Tsjinstanners moatte wy noch efterhelje.

 

Sjurtsjes

It is net leuk mear foar de froulju fan de feteranen fan SDS5 om de sjurtsjes út te waskjen. Op ien of oare wize binne se in kear net goed útwosken en dy smoargens is der net wer út te krijen.

Sa begjinne de feteranen alle wedstriden mei smoarge sjurtsjes oan.Gelokkich hat dat gjin effekt op it rissultaat. SDS 5 stiet boppeoan.

Sy sykje wol immen (mei ek in man wêze) dy’t de útdaging oandoart om de sjurtsjes skjin te krijen. In moai bosk blommen sit er dan wol yn.

 

Drs. Vijfje

Al jierren ropt de Trefferredaksje de help yn fan drs Vijfje yn it gefal der psychyske help nedich is binnen SDS. Sûnt koart is der yn Grins in sealfuotbalklup mei deselde namme.

Sit hjir in âld SDS lid efter?

 

Fergaderje

It wie dizze simmer net maklik om de jeugd yn te dielen yn de sântallen of de alvetallen. By de D’s wiene de grutste problemen hawwe wy wol begrepen. In lange gearkomst en in protte oerlis soargen der foar dat er dochs in goeie yndieling kaam.

It rissulaat mocht der wêze. Sneon 15 novimber waarden alle trije D teams kampioen. Sa sjogge je mar wer. Soms levert in lang fergaderjen ek noch wat op: patat en blommen foar alle spilers

Wanted

Yn Skearnegoutum binne se dea ûngelokkich mei de sitewaasje fan de bekerstriid by de feteranen. Harren malversaasjes begjinne harren aardich op te brekken. Der is noch gjin útspraak fan de tuchtkommisje, mar it mooglike ferlies wurdt ûndertusken al fertaald yn aksjes. Der wurdt sein dat de earste affisjes al klear lizze. 

Wanted!!!

Jacob Plantinga en Aant Hofstra