SDS 2 op tiid yn ‘e kantine

Samar in dei
15 november 2003
Wepperkes
16 november 2003

SDS 2 wie sneon gau klear mei hun wedstriid tsjin Flevo Boys. Dit wylst sy wol hast in heal oere te let begienen trochdat alle wedstriden wat útrûnen. In spiler fan Flevo Boys bruts syn foet yn in ûngelokkich duel. Dit barde al nei 10 minuten. Der waard beslúten om net fierder te fuotbaljen. Jammer fansels omdat it like dat SDS 2 Flevo Boys ferslaan soe, mar fansels it meast sneu foar degene die ’t 20 minuten yn ‘e kjeld lein hat mei in brutsen foet. Hy waard mei de sikenauto nei it sikehûs fan Snits brocht. Wy winskje him betterskip en hoopje dat hy de ynhelwedstriid wer meidocht.