Wepperkes

Futsal: SDS 1 rint út!
12 februari 2004
SDS E4 -SDS F1
12 februari 2004

Net nei Snits
SDS D1 oefent sneon net tsjin LSC. De Snitsers moatte sneon alwer los foar de kompetysje. SDS D1 sil no sneon om 10.00 oere oefenje tsjin D2.

In oare hobby
Wy hawwe alwer in SDS ‘er mei in nuvere hobby fûn. Pieter Groenveld mei graach toanielspylje (“is it libben ek net ien grut toanielspul?” seit hy wolris). Pieter spilet freed- en sneontetejûn in haadrol yn it toanielstik; “De Goate”. Dit wurdt spile yn It Dielshûs. Pieter spilet hjiryn in tige tapaslike rol as , jawol,…….. alkoholist.

Oefenje
Wa fan de kandidaten hjoed noch tiid hat om te oefenjen foar de “Kenniskwis fan SDS” kin noch wol terjochte op de folgende websides:
www.voetbalstats.nl
www.voetbalfocus.nl
www.VI.nl