Wepperkes

Kenniskwis(8)
6 februari 2004
SDS A1 ferliest
7 februari 2004

Ôflast??
It hat fannacht net bot reint, mar it is oeral al bot wiet. It is ús noch net bekend at alle wedstriden wol trochgean. De KNVB hat noch neat ôflast. Ik gean op bêd en hear it wol.

Oefenje.
At it waar mei sit(?) , oefent SDS 5 sneon 7 febrewaris yn Noardburgum tsjin de feteranen. De útnoeging hjirfoar is binnenkommen troch in prima tredde helte yn de kompetysjewedstriid tsjin Noardburgum 3 earder dit seizoen.
 
Oer de kwis
Dit wykein wurdt troch de organisaasje bekind makke hoe’t de kwis der kommende tongersdei út komt te sjen (jimme koenen al wat sjen). Dúdlik is al dat de training fan SDS 1 kommende tongersdei wat koarter duorje sil om elkenien de gelegenheid te jaan der by te wêzen.
 
Ferfeling slacht ta.
Ofrûne tongersdeitejûn sloech de ferfeling ta yn de kantine fan SDS. Dêr moast wat oan dien wurde. Om wat libben, mar gjin knokkerij, yn de brouwerij te kijen, waard der ropt om in dartboerd. Soks kin hiel hurd. Robert wiisde it plak oan, Anne mjitte de boel út en Durk Yde mocht syn dartboerd ophelje. Noch gjin kertier letter wie der in echte dartwedstriid geande. Oer rellen hawwe wy neat fernommen dus geane wy der fanút dat dit in ferfolch krije sil.

Nije sponsor
It 1e sealteam fan SDS kriget op ‘e nij in nije sponsor. Inkelde jierren werom begienen sy mei “Rabobank Oosterend e.o.” op de shirts. Nei in reorginisaasje by de Rabobank krige SDS 1 twa jier ferlyn “Rabobank Bolsward e.o.” op de shirtsjes te stean. It sil no wer feroare wurde. De lieding fan de Rabobank seach op Omrop Fryslân inkelde wiken werom dat SDS 1 de Midwintercup yn it FEC wûn. Neffens hun yn de ferkearde shirtsjes, want op it heden moat it wêze; Rabobank Sneek e.o.