Kenniskwis(8)

Seleksjes SDS 1 en 2
6 februari 2004
Wepperkes
6 februari 2004

It is in wiere gekte oan it wurden mei de kwis.

v     Wichard mailt dat hy boppe-oan yn de VI kwis stiet op tongersdeitemoarn 10.00 oere.  Net de tsjinstanners mar oertraind wêze liket it grutte gefaar foar dizze krack út Wommels

v     Willem lit ús witte dat hy yn de nacht fan tongersdei op freed om 0.10 oere ek boppeoan stiet. Fan Wichard is op dat momint neat mear werom te finen.

v     Durk Okkema is oh sa stil op dit stuit. Hy liket yn tinzen hielendal op te gean en bewarret al syn geheugenromte foar antwurden op fragen dy’t noch net steld binne.

v     Pieter Kamstra nimt spontaan de bartsjinst oer fan Harm-Auke om sa de beide organisatoren in goeie jûn te besoargjen.

v     Robert Sijbesma is der hielendal klear foar …of net. Hy is dwaande yn de ûntspanningsfase en siket dat yn darten.

 

Der binne troch alle publikaasjes hast gjin fragen mear oer. Om in yndruk te jaan oan hokker fragen wy no mear tinke efkes in foarpriuwke:

 

1.      Wat yt Foppe de Haan moarns net by it moarnsbrochje?  Antwurd

2.      Fan wa is de útspraak: lit dizze beker net oan my foarby gean? Antwurd

3.      Wat yt Foppe de Haan it leafst by de buorrel? Antwurd

4.      Wat die lytse Foppe doe’t hy yn de widze lei? Antwurd

5.      Pieter Kamstra naam spontaan in bartsjinst oer fan Harm Auke , dy’t tige wichtige ferplichtingen hie. Wêr leine dy ferplichtingen? Antwurd

6.   Hokker fûgelkenner mient dat hy it noch better wit as de 5 kandidaten? Antwurd

7.  Hokker SDS spiler is echt fereale … op de bal? Antwurd