Wepperkes

Kenniskwis (6)
5 februari 2004
SDS B1
6 februari 2004

Rentree
At it fuotbaljen sneon trochgiet dan makket by SDS A1 Kees Adema syn rentree. Nei in skoft mei in blessure rûn te hawwen kin der no wer fuotbalje. Hy hat yn de oefenwedstriid tsjin Blauw-Wit ’34 al in helte meidien en dit gie tige nei it sin. Hooplik helje de A’s sneon lyk de 3 punten op dy ’t se oan ‘e KNVB ferlern binne en spylje sy hun dit joer feilich yn de haadklasse mei Kees derby fansels.

Winterskoft
It is net foar neat winterskoft en at hjir dan net safolle snie komt dan moat je it mar ergens oars sykje. Dat skiën is fêst ek goed foar de kondysje en oan’t no ta is der net ien mei in blessure thús kaam. Of is der net safolle skiet?? Hjir kinne jimme alle foto’s besjen: foto’s Oostenryk  Troch de pylkjes te brûken kinne jimme noch wolris in bekende tsjinkomme.

Yndielingen pupillen foarjierskompetysje 
Alle kompetysje-yndielingen foar alle pupilleteams foar it kommende foarjier stean no op dizze side. Jimme kinne se fine ûnder “Junioren” en de desbetreffende teams. SDS hat der ien team by krigen; SDS F5. Wa at hjir yn spylje en wa at dizze jonkjes traint en leidt is ús noch net bekend. Miskien wol wichtig foar de memmen om alfêst te witten is dat sy sneons noch altiten moai útsliepe kinne, want F5 spilet syn thúswedstriden om 11.30 oere!!(“dit woe ik de earste 6 jier mar sa litte” WW).

Hoefolle?
Wy sjogge der net iens mear raar fan op, mar it docht bliken dat wy foariche wike de 25.000e besiker op ús webside hân hawwe. Wy binne no sa ’n 15 moanne ûnderweis dus dat giet best. Elltse wike komme der no sa ’n 800 minsken op de webside. Ek dizze wike hawwe wy eltse dei fier mear as 100 besikers deis. En dat wylst der net iens fuotballe wurd!

Kenniskwis
Dit wie fannacht om efkes oer 1.00 oere de stân by de VI-kwis:
VI.NL QUIZ

1 Willem W
  9 (01:10)
2 paulw
  9 (00:56)
3 Gallardo
  8 (00:49)
4 Superboer
  8 (00:41)
5 Superboer
  8 (00:36)
6 Superboer
  8 (00:34)
7 W
  7 (01:10)
8 Werner
  7 (01:06)
9 heerko
  7 (00:39)
10 Martijntje
  7 (00:37)
Ik bin der klear foar!!