Kenniskwis (6)

Futsal: SDS 1 wint krekt fan Espel
5 februari 2004
Wepperkes
6 februari 2004

Mei noch 7 dagen te gean, liket de spanning nei it siedpunt te gean. Dielnimmers reitsje krekt as de natoer hieltyd mear fan slach. Want:

  • wêr meitsje je mei dat kandidaten net allinne de antwurden jouwe mar ek de fragen stelle?
  • hoe is it mooglik dat Durk Okkema op woansdei net by it sealbaljen oanwêzich wie, omdat hy jiergong 1981 fan VI noch trochlêze moast?
  • hoe kin it dochs dat  fjoer (sûnder wetter) ûnder syn eigen namme boppeoan stiet yn de VI kwis
  • werom gyngen Willem en Robert woansdei te jûn nei it sealbaljen gelyk nei hûs?
  • wêrom giet Pieter Kamstra by alle buorlju lâns om kennis byelkoar te garjen

No’t de saken der sa foarsteane sille wy dit wykein sels ek noch mar wat fragen publiseare om de dielnimmers noch efkes in goeie generale te jaan en fansels om de besikers fan dizze side ek wat dwaande te hâlden.