Wat stiet der sa al op de aginda?

Jaap Toering nije TD SDS
4 maart 2019
Weppers tiisdei 5-3-2019
5 maart 2019

Aginda

Rjochtsboppe op dizze webside kinne jim ûnder ‘aginda’ de ‘SDS-aginda’ fine. Tige de muoite wurdich om ris efkes te sjen tochten wy sa. Dit stiet der sa al foar de twadde kompetysjehelte op stapel.

Oefenderby: SDS 1 – vv Oosterlittens 1

Foar jûn om 20.15 oere stiet de oefenderby tusken SDS 1 en Oosterlittens 1 op it programma. De kantine is beset, mar mooglik is der al in bakje kofje te krijen yn de bestjoerskeamer.

SDS 1 – Oudehaske 1

Kommende sneon mei SDS 1 nei in moanne eindelijk wer ris thús foar de kompetysje. Sy spylje sneon om 14.30 oere tsjin Oudehaske 1. Sjoen de stân binne dizze ploegen aardich oan elkoar weage, dus de muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa.

Mei de bus nei Willemsoord 1 – SDS 1

Op (peaske)sneon 20 april moat SDS 1 nei ús freonen fan Willemsoord te fuotbaljen. De muoite wurdich tochten wy om dêr mei in grutte ploech SDS’ers hinne tochten wy sa. De oare senioarenteams en Vr.1 binne dat wykein namelijk allegear frij, dus dy bus moat fol te krijen wêze. It kostet mar €5,- p.p. Wolst ek mei jou dy dan hjir alfêst op!

Skoallefuotbaltoernoai

Op woansdei 15 maaie is it jierlijkse skoalletoernoai. No ’t Littenseradiel net mear bestiet en it wat te gek is om alle skoallen út de gemeente Súdwest út te noegjen is der foar keazen om it toernoai tegeare mei vv Nijland te organiseren. It tal basisskoallen yn foarhinne Littenseradiel is namelijk net sa grut. Dit bestjut dat dit jier û.o. de basisskoalle fan Nijlân ek meidocht, mar ek b.f. dy fan Ysbrechtum.

Afbeeldingsresultaat voor skoallefuotbal sds

Slotdei jeugd

Op freed 24 maaie is de jierlijkse slotdei fan de jeugd. Ek dit sil tegeare organiseare wurde mei vv Nijland. Ynkoarten mear hjir oer. Der sil sawisa wer striden wurde om de penaltybokaal!

Afbeeldingsresultaat voor allert penaltybokaal sds

Slotfeest SDS

De lêste kompetysjewedstriden by de senioaren binne dit jier op sneon 25 maaie. Dit betsjut dat wy dan it seizoen ek feestelijk ôfslúte sille. SDS 1 spilet dan wol út tsjin De Wâlde, mar as sy werom binne kin it feest losbarste mei in barbecue foar alle SDS’ers en muzyk fan Sjouke van Kammen. De barbecue kostet €10,- p.p. en SDS-frijwilligers meie fergees meidwaan.

Afbeeldingsresultaat voor sjouke van kammen