Jaap Toering nije TD SDS

Weppers snein 3-3-2019
3 maart 2019
Wat stiet der sa al op de aginda?
5 maart 2019

Jaap Toering wurdt de nije ‘Technysk Direkteur fan SDS!
Jieren hat Durk Okkema dizze funksje ferfuld oant hy troch sûnensproblemen stopje moast. Hjirnei hat Pieter Kamstra it in skoftke dien, mar de lêste oardel jier wie de funksje fakant. It bestjoer fan SDS is der dan ek tige wiis mei dat Jaap no dizze funksje op him nimme wol.

Mei Jaap sil der yn gearwurking mei lieders en trainers ûnder oare foar folgend seizoen sjoen wurde as de jeugd noch makkelijker trochstreame kin nei de senioaren, SDS wer mei 5 herensenioarenteams de kompetysjes yn kin en dat de ballen by it frouljusfuotbal omheech holden wurde kin.