Wa wit wat fan fuotbal?

Lêste seizoen fan….
16 januari 2004
SDS 2 oefent net en oar nijs
17 januari 2004

Freddy Scheltema hie in idee. Hy taaste de kansen fan dat idee foarsichtich ôf mei in oantal minsken dy’t mooglik entoesjast wurde soene. Dat slagge. Sa waard er tongersdeitejûn yn it Fec spontaan besletten om “op termyn” in fuotbalkenniskwis te organisearen foar SDS leden.

Yn it Fec wiene ferskate rinnend en dravende en kappende fuotbalalmanakken, en ek dy joegen harren spontaan op.

Dat hoech noch net, want it moat noch útwurke wurde, mar it is wol seker dat it trochgiet. It komt der oan. Yn 2004. Dat is sa wis as wat.