SDS 2 oefent net en oar nijs

Wa wit wat fan fuotbal?
16 januari 2004
SDS wint Midwinter tournooi
17 januari 2004

Ôflast
De oefenwedstriid tusken SDS 2 en Hielpen 1 dy ’t fanmiddei spile wurde soe yn Easterein giet net troch. SDS 2 sil no 31 jannewaris út oefenje tsjin Oudega(W)1.

Oefenje
Ek D1 sil 31 jannewaris oefenje. Sy oefenje dan om 10.00 oere tsjin LSC D1. In drege pot oansjoen LSC D1 haadklasse spilet.

Rentree
Kees Adema hat de training by A1 hervatten. Hy hat der in skoft út west mei in blessure en probearret it no wer foarsichtich oan. Hooplik sil der wer gau yn ‘e basis stean.

Midwintercup
Oansjoen der fanmiddei dochs gjin fuotbaljen is yn Easterein is dat in moaie gelegenheid om nei it FEC ta te gean. Fanôf 15.30 oere wurde hjir de finales fan de Midwintercup spile. SDS 1 is noch yn de race. Om 15.30 oere wurdt der earst lotten om te sjen wa at de tuskenronde spylje mei om op in aantal fan 16 ploegen út te kommen. 8 ploegen wurde frijlotte en 16 meie fuotbalje. Om 15.45 wurde dan de earste wedstriden spile.