Utslaggen sneon 8-9

Seleksjes 8-9
6 september 2012
Weppers snein 9-9
8 september 2012

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700

    útslach
9:00 SDS D1 – IJVC D1  0-10
10:10 SDS F1 – Oosterlittens F1  12-0
10:15 SDS C1 – Friesland C1  9-0
12:30 SDS 4 – TOP’63 3  ôflast
12:15 SDS B1 – VC Trynwalden B1  1-3
14:30 SDS 1 – Broekster Boys 1  4-1
     
9:00 SWZ D3 – SDS D2  0-2
9:30 Mulier C1 – SDS C2  11-1
12:00 Walde De VR1 – SDS VR1  
14:00 ST Harlingen/Robur A1 – SDS A1  1-2
14:30 Balk 2 – SDS 2  8-2
14:30 Heerenveense Boys 3 – SDS 3  4-1
15:15 Oudehaske 5 – SDS 5  3-1

SDS 1 – Broekster Boys 1
Hjoed kom ik komplimenten tekoart. SDS stie der as team. Elkenien die syn ding wêr’t dy goed yn is. Jaap hie it net hiel drok mar die in oantal prachtige reddingen. De ferdigening mei dy lytse Harm en grutte Feiko yn it sintrum hiene it wol drok. Mar altyd wie der sa’n lyts poatsje of sa’n lange skonk dy’t rêding brocht. Op de sydkanten koene Arjan en Kristian  ek lekker út de fuotten en foaral Arjan koe sa no en dan ek noch in moaie foarset ôfleverje.
It middenfjild wie dan miskien wol it meast yn hannen fan Broekster Boys, mar mei Erik (hast net oer de middenline west) mar tige nuttich, Skelte en Wytze foar de meast oanfallende ympulsen en Johan as oanspylpunt  fan hege ballen (wat hat er wat trochkopt).
Foar mochten de twa Dirken it útsykje. Hiele romten wiene der omdat the Boys iets mear nei foaren spilen.
Komplimenten foar 4 prachtige doelpunten:
Nû1 kaam op namme fan Dirk Yde dy’t in foarset fan Dirk de Jong yn kopte nei in goeie oanfal.
Nû2 liet sjen hoe goed Dirk Yde wêze kin at hij hast befrijd is fan it keatsen: fanôf de sydline sette hij earst syn eigen tsjinstanner op krêft oan de kant en doe wraksele hij tusken twa ferdigeners en skeat kreas lâns de doelman.
Nû3 wie fan Wytze en wat fan ien. Doelman fan de Boys rommet in bal oan de sydkant fan syn strafskopgebiet op, sjit de bal troch de midden en op sa’n 40 meter sjocht Wytze ynienen in frij doel: hij sjit him der prachtich  behearst yn.
Nû4 kaam fan ferskuorrend goed trochsetten fan Dirk de Jong. Ek hij giet der op ynset en snelheid noch lâns en skoart yn minút 90 de 4-1.
Want op de stân 2-0 hiene de Boys tsjin skoard út in strafskop.
Bij SDS kamen Redmar en Elger noch yn it fjild.
Oh ja, net te ferjitten Wiebe Heeres. As B-junior mocht hij ek noch 15 sekonden meidwaan.
 In goeie oerwinning dy’t hoop jout want mei ynset en it eigen spul spylje (wat dat ek wêze mei) sa’t de Blaauw dat fan de kant rôp is der seker wol wat te heljen dit seizoen.
(ah) 

Balk 2 – SDS 2 8-2
Foar SDS 2 it yn de gaten hie stienen sy al mei 3-0 efter. It waard dan ek in wedstryd om gau te ferjitten mei 8 goals tsjin en 2 foar. Wy binne wol benijd nei de doelpuntenmakkers.

Heerenveense Boys 3 – SDS 3
It mei dúdlik wêze wêr ’t SDS 3 nei hjoed op traine moat. Ôfmeitsje en net 2 kear mei de eagen knipperje…… Nei 2 minuten en 3 balkontakten foar SDS stie namelijk al 2-0 efter en hjirnei hat SDS 3 noch genôch kânsen hân om lyk te spyljen of miskien sels te winnen. Allinnich Pieter slagge deryn te skoren mei de holle nei in knappe foarset fan Hendrik. Nije wike mar ris sjen hoe ’t it giet by NOK-out”.

Oudehaske 5 – SDS 5    3-1
Fuotballers wurde nei in bepaalde leeftyd minder, mar der binne skiedsrjochters dy kinne net minder wurde. Dat wie sa’n bytsje de strekking fan it ferslachje wat wij krigen oer SDS 5. Wichard skoarde.

SDS B1 – sc Trynwâlden B1
B1 moest vandaag tegen Trynwalden, op papier altijd lastig.
Met 3 wissels en een aantal “niet geselecteerd”als toeschouwers was er voor de aftrap al pech bij SDS B1.
Nies Douwe kreeg tijdens de warming up al last van het bovenbeen.
Na 2 min wedstrijd scoot het bij Almar ook in het bovenbeen, een fikse streep door de rekening, nog maar 1 fitte wissel over met dit warme weer, daar werd niemand vrolijk van.
Gelukkig was Wietse er, dus naar huis om voetbalschoenen en ook op de bank, klasse Wietse.
Lange tijd konden we het tempo van Trynwalden bij houden, zij waren iets beter maar op inzet en karakter hielden we de nul, ook door uitstekend keepers werk van stand inn keeper Pieter Sytsma.
Door een geweldige individuele aktie van Lourens kwamen, we iets tegen de verhouding in, op voorsprong.
Na de rust werden de rollen omgedraait door Trynwalden, binnen een paar minuten bogen ze de achterstand om in een 1-2 voorsprong.
Na zo’n 20 min in de 2e helft werd de stand naar 1-3 getild, en daar kwamen we niet meer overheen.
We hebben gestreden voor wat we waard waren, Wiebe zelfs door geschoven naar middenveld en achter 1 op 1, maar er werd niet meer gescoord.
De inzet was perfect mannen, er zat niet meer in, en daar moeten we het mee doen.
Als de tegenstander beter is, moet je strijden voor wat je waard bent en dat is gebeurd.
Volgende week, weer thuis, tegen Blauw Wit een nieuwe kans, aanvang 12.00 uur
Boudewijn

SDS C1 – Friesland C1 
(ferslach fan ús ferslachjouwer Jorrit Hofstra)
De C1 nam het in de eerste competitie wedstrijd op tegen Friesland C1.
In het begin dachten sommige SDS’ers dat het een zware pot zou worden.
Maar dat viel al snel heel erg mee.
In de eerste helft was SDS zeker het boven liggende team.
Met een 4-0 ruststand gingen we de tweede helft in.
We begonnen niet goed in de tweede helft.
Maar na de eerste goal in de tweede helft ging het gelijk al stukken beter.
Met als eindstand 9-0 een gemakkelijke wedstrijd
doelpuntenmakers waren
Piter 3x
Watze 2x
Habtamu 2x
Frank 1x
Yward 1x
Man of the Match: was er niet het hele team speelde goed.
 
Efkes Balje
De god fan it waar soarget der no al twa freedtejûnen foar dat it moai waar is. Sa kin der ûnder ideale omstannichheden Efkes Balle wurde. It tendem (se fiele elkoar blyn oan) de Boer en Heerma koe juster net útblinke, want Pieturrr woe dit jier noch in festival meimeitsje (Flylân). Sa socht it snelste diel fan de tandem (Johan) in nije maat: Oane Bauke.
Ek dêr wiene de oranjehesjes net tsjin opwoeksen: as in spear, as in kanon, as in dief , as in hazzewynhûn sa fleagen de beide mannen oer it fjild. Se waarden dêr hinne stjoerd troch de 4 teamgenoaten dy’t fan wat tikjes lofts en rjochts net wurch waarden.
De tsjinstanners koene hiel goed yn it spoar bliuwe, mar doe’t it op de twa beslissende doelpunten oankaam wie it Oane Bauke dy’t de winnende makke.
Tefredenheid wie der lykwols bij alle 12 dielnimmers. It wie wer lekker. (ah)

SWZ D3 – SDS D2
D2 nam het vandaag op tegen de collega zwart-wit broeken uit Sneek, D3 ditmaal. Zonder Sjoerd en Jopie, dus de posities moesten wat anders bezet worden. De combinaties waren vandaag goed. D2 lijkt al een heel klein beetje te wennen aan het grotere veld, dit komt natuurlijk ook door jongens als Luuk, Steven V., Jerryt, Bote en Dirk die het al gewend waren.
Eerste helft goed spel, veel op de helft van de tegenstander. Sander hield de verdediging goed op orde, Bote had een makkie.
Toch kwamen ook wij niet vaak bij de goal en er was maar één kans. In de tweede helft werd D2 feller. De vleugels werden goed benut en Kent en Sietze kwam er een paar keer goed door. Dirk stond goed op de voorstopperositie en Mark en Lars schakelden de vleugelspelers uit. Het was Hendrik die twee keer fraai scoorde, na goed voorbereidend werk van het middenveld Steven P., Luuk en Wessel, die alledrie goed speelden. SWZ zette nog even aan, maar een wereldredding van Bote zorgde voor het behoud van de 0. De eerste bekerwinst is binnen.  
Tjerk

Harsens derby(832)
Sommigen neame dit in “Panenkaatje“, mar wy fine dit mear in “Zidaantje“:
Welke SDS’er sil dit hjoed oandoare?

Wy tinke Wytze Lanting