Weppers snein 9-9

Utslaggen sneon 8-9
6 september 2012
Weppers moandei 10-9
10 september 2012

Doch ek mei oan de nije SDS League!
Jim kinne jim wer ynskriuwe foar de SDS League. Je team moat ynlevere wurde foar kommende sneon 15 septimber 18.30. Dat moat slagje tochten wy sa!
Hjir kinne je je team gearstalle en hjir kinne jim alle ynformaasje fine.

Debút
Wiebe Heeres gie sneon nei Easterein ta om te fuotbaljen mei B1. Nei de wedstriid waard hij frege at hij ek op de bank woe bij SDS 1.
Neat mis mei tocht Wiebe, miskien kom ik der ek noch wol yn….
Wiebe kaam der yn. In taktyske wiksel oan de ein levere syn debút op. Helaas hat er de bal net mear rekke want de skieds fluite gelyk ôf.

Kâlde dûs
It entoesjasme bij de jonge SDS-supporters wie grut doe’t Wiebe der yn kaam. It entûsjasme fan Wiebe wie wat minder doe’t de omropper him as Teun betitele. Dat wie no spitich want dat is syn broer dy’t yn de A’s sit.

Gjin frijerij!
Soe Dooitze Nauta efter it súkses fan SDS 1 sitte?(klik hjir)

Alderaardichst

Wenger hat leaver 5 fuotballers dy ’t graach foar Arsenal fuotbalje as ien Van Persie…………….. 

Harsens derby(833)
De goal fan it jier is yn Switzerlân al makke. Skelte wist ús te fertellen dat Roy Stroeve fan ADO yn 2004-2005 ek sa ’n goal makke. Hjir kinne jim him miskien wol fine. Op Youtube wie der net te finen.