SDS League: Bauke toant Veerkracht!

Seleksjes sneon 6-4
4 april 2013
Útslaggen sneon 6-4
5 april 2013

Sjoerd van Beem syn wykein like net mear stikken te kinnen nei de winst fan SC Heerenveen op Feyenoord, mar hat no dochs in lyts dûkje oprûn. Sjoerd is syn earste plakje kwyt oan “Veerkracht” fan Bauke Dijkstra dy ’t meiiens de wykpriis pakt. Sa hat it keatskamp op Mallorca dochs noch wat opsmiten………..

Bauke pakt syn twadde wykpriis alwer

Dooitze Nauta krijt it noch dreech mei “Winne fan Aant en Willem moat kinne”. De iene wepmaster stiet no krekt boppe him en der oar in burdlingte derûnder.

Sytze Kooistra fuotballe ôfrûne sneon foar it earst yn tiden wer ris. Hooplik docht dit syn team “KooiBoy’s” ek goed, want hy stiet ynmiddels op ien nei lêst mei noch 10 puntsjes foarsprong op “Ken et za” fan Harm Bergsma.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 6.