Útslaggen sneon 31-8

Weppers freed 30-8
29 augustus 2013
Weppers snein 1-9
1 september 2013

Mochten jim fuotbald hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700. Twitterje @ff-sds mei fansels ek.

útslach
9:00 SDS D2 – Bolsward D2 3-2
9:00 SDS E3 – Bolsward E3 0-26
10:15 SDS D3 – Oosterlittens D3 2-2
10:20 SDS B1 – Oosterlittens B1 5-2
11:30 SDS C1 – Makkum C1 3-0
12:10 SDS 5 – Tzum 1 3-6
13:00 SDS MC1 – AVC MC1 6-0
14:30 SDS 1 – Ouwe Syl 1 3-4
14:30 SDS 2 – Blauw Wit ’34 2 1-8
9:00 Bolsward E2 – SDS E2 3-2
10:00 SJO Robur/Harlingen D1 – SDS D1 2-3
10:10 Woudsend E3 – SDS E4 1-4
10:30 SJO Robur/Harlingen F1 – SDS F1
12:00 Oosterlittens C2 – SDS C2 3-5
14:00 Oosterlittens A1 – SDS A1 1-6
14:00 Harlingen VR1 – SDS VR1 net spile


SDS 1 ûnderút
SDS 1 ferlear hjoed mei 4-3 fan Ouwe Syl en binne dêrmei útskeakele foar de beker. Nei 6 minuten stie SDS al mei 2-0 efter. De goals fan SDS 1 waarden makke troch Dirk-Yde, Tsjipke en Wytze.

SDS 2 ferliest
SDS 2 hat fannemiddei mei 8-1 ferlern fan Blauw-Wit 2. By de rêst wie it noch 1-1 en like der neat oan de hân. 18 sekonden nei de rêst waard it al 1-2 en de Ljouwerters wienen net mear te stopjen……….1-8.

SDS MC1 wint wol
SDS MC1 wint mei 6-0 fan AVC MC1. Kirsten(3), Jeska(2), Tjitske makken de goals.

A1 wint streekderby
SDS A1 hat sneon goed wurk dien. Winne fan Oosterlittens is fansels altyd moai. Bij it skoft wie it 1-3 en de einstân wie 1-6. Doelpunten fan Pieter de Vries, Lourens van der Pol, Jurjen Los en Wiebe Heeres (3)


SDS D2  –  SC Boalsert D2:     3  –  2
Ofrune sneon hiene de mannen fan D2 de twadde wedstryd foar de beker tsjin SC Boalsert.
Op it haadfjild wie it begjin foar SDS. Mar geandewei de earste helte wurde  SC Boalsert sterker. Troch in omsetting op it middenfjild, kamen wy wer better yn ‘e wedstryd. Ut in hoekskop yn ‘e 25 minut, tikke Stan de bal yn ‘e goal. Lang koene wy net fan de foarsprong genietsje want 2 minuten letter wie it alwer 1-1. Dochs wie it Stan, die mei in geweldich skot (of wie it no it foarset), 1 minut foar de rest, de 2-1 op it skoareboerd sette.
Healwei de twadde helte wie it alwer Stan die de keeper fan Boalsert utspiele en de 3-1 makke. It middenfjild kaam in hannen fan SDS. Mei prachtige stekpasses waarden hieltiid de snelle oanfallers berikt, mar der waard net mear skoard troch SDS.  De ferdediging stie goed, mei in keeper die hast net te passeren is. Dochs makke SC Boalsert ut in “skrimmage”  krekt foar tiid noch de 3-2.  Mar de oerwinning kaam net mear yn gefaar.
In geweldiche teamprestatie fan alle jongens!!!
Nye wike ut tsjin Easterlittens. Dan sille us best dwaan om wer trye punten te pakken.

Theo.