Utslaggen sneon 31-3

Seleksjes sneon 31-3
29 maart 2012
Weppers snein 1-4
31 maart 2012

Sneon de folgende wedstriden. SDS 1 untfangt koprinner Heerenveense Boys.
Nûmer 11 SDS 2 fjochtet om 15.00 om liifsbehâld tsjin nûmer 6 ’t Fean ’58. 

    útslach
9:00 SDS E2 – TOP’63 E2  6-4
9:00 SDS C2 – Heeg C2  4-0
10:30 SDS B1 – Makkum B1  0-2
10:30 SDS A1 – Bakhuizen A1  2-2
13:00 SDS 5 – AVC 3  6-1
14:30 SDS 1 – Heerenveense Boys 1  0-3
15:00 SDS 2 – Fean’58 2  1-2
16:30 SDS DA2 – Makkum DA1  5-1
9:00 Heerenveen D3 – SDS D1  2-0
10:30 Nijland C1 – SDS C1  2-4
12:00 TOP’63 2 – SDS 3  0-2
14:00 Jubbega 2 – SDS 4  3-1


Harsens derby (723)
SDS 1 sil hjoed wol wer mei 2 pupillen fan de wike it fjild opkomme. Mocht ien fan beide pupillen in grien pulkje op syn wang hawwe dan is it fan Tsjipke………………………

SDS 1 – Heerenveense Boys 1    0-3
Ien of mear punten helje tsjin de koprinner soene bonus punten wêze. It hat der net ynsitten. Nei 10 minuten al 0-1 en krekt foar it skoft de 0-2. It bettere Heerenveense Boys spile it yn de twadde helte kreas út. Noch in doelpuntsje derbij foar de wissichheid en sa waard in 0-3.

SDS 2 – it Fean 58   2     1-2
Yn de earste helte like it ús noch net sa min ta mei SDS 2. Mear oan de bal en kânsen. Mar it wie it Fean ’58 dat skoarde. Yn de twadde helte wie it Fean de boppelizzende partij en it soe earder 0-2 wurde as 1-1. It Fean fierde de 0-2 wol in goeie minút mar op oanrieden fan grinsrjochter Willem waard it doelpunt ôfkard.
It waard úteinlik earst wol 1-1. Ynfaller Sytze Kooistra skoarde.
Mar it Fean joech net op en sette dochs noch in 1-2 stân op it boerd.
Man fan de wedstriid wie de fersoarger fan it Fean 58. Hij hat sa wat 21 kear it fjild yn west foar in fersoarging.

Top 2 – SDS 3      0-2
SDS 3 wûn terjochte yn Toppenhúzen(of is it dochs Opppenhúzen?). SDS 3 gie de earste helte der folop foar, mar folle kansen levere dit net op. Sa ’n 10 minuetn nei it skot waard it dochs 0-1. Ien fan de wepmasters makke de goal en op wat foar manier meie jim sels ynfulle. De ien fûn it in “homofile” omhaal, de oar tocht dat Pieter him makke en de oar hie it oer in aardige omhaal. De topskutter sels hie it oer in draaisirkul fan in oaljefant dus naam hy de bal mar “mei in slurf” oer de holle. Wy soenen sizze; “in echte
Klaus Fischer“(mar dan minder moai) en dus lang sa kreas net as Marco van Basten. Je hienen der miskien wol hiel ticht by wêze moatten…………..
Sytze Hibma makke der úteinlik yn de alderalderlêste minút noch 0-2 fan.

Jubbega 2 – SDS 4     3-1
Wat wij der fan heard hawwe wie dat it in oerhurde wedstriid wie. Doelpuntenmakker net bekend.

SDS 5 – AVC 4       6-1
Us man yn it fjild wie Harm Auke Dijkstra en hij wit ús nei ôfrin dan ek út de earste hân te melden dat Jappie trije kear de kop der goed bij hie en dus trije kear mei de kop skoarde, dat ien fan de Wagenaars skoard hie (hij tocht…nee..hij wist seker dat it Ronnie wie) en dat de oare twa doelpunten fan syn foet kamen. Dêrneist hie hij 11 kear oerspile nei ploechgenoaten, mar dy diene dêr neat mei.

SDS Da 2- Makkum Da1      5-1
De earste oerwinning fan dit nije team fan jong en “ald”.
Wij kinne ús sa foarstelle dat ien fan de froulju dizze oerwinning graach beskriuwe wol. Wij melde al fêst de doelpuntenmaksters: Joutsen (2), Susan Altenburg, Jitske Veldman en Jildou Bervoets

Nijland BC1G – SDS C1 2 – 4
Een sobere overwinning voor C1 vandaag. Door blessures waren er wat omzettingen nodig, maar in de beginfase was dit niet terug te zien. Mooie combinaties leidden al snel naar de 0-2, door WJ en ‘van la Polla.’ Hierna viel Pieter Sytsma uit met een breuk in zijn duim (bleek later in het Antonius) en volgden weer nieuwe omzettingen. Nijland (met twee B’s, waaronder een sterke dame) profiteerde na een gigantische miscommunicatie tussen de keeper en de rechtshalf. Na de thee bracht Almar in praktijk wat Remco uiteengezet had in de box, 1 – 3, klasse Almar! Hierna volgde een rommelige fase met een corner voor de thuisclub. De ene coach mompelde: ‘let op Haye Jan, hij kopt hem zo binnen…’ Wat gebeurde? Juist, voorspellende gaves bij de staf, want hij kop-schouderde de bal mooi in de rechterbovenhoek! 10 punten voor het Tikkie terug klassement. Niet erg, kan gebeuren, HJ speelde vandaag verder namelijk ijzersterk. Het krachtsverschil bleef en Almar bracht de eindscore op het bord: 2 – 4.
Pieter sterkte met je gips jongen!
Tjerk


Letter mear!