Weppers snein 1-4

Utslaggen sneon 31-3
29 maart 2012
Weppers moandei 2-4
2 april 2012

Utslaggen en ferslaggen
Der komme hieltyd mear koarte ferslaggen binnen fan wedstriden. Jim kinne se
hjir lêze.

Pieter

Yn it ferslach fan C1 koene jim lêze dat Pieter de pechfûgel fan de dei wie. Hij rûn in breuk yn syn tomme op. Yn it sikenhûs wie it Ajax gips op en moast Pieter it mei Feyenoord gips dwaan. Fan dêr dat hij syn earm allinne op fersyk ûnder de jas wei hellet.
Wij winskje Pieter sterkte en tinke dat hij der gau wer bij wêze wol.

Pupillen fan de wike
Almar Haagsma (mei Tsjipke) en Halbe Willem Overal (mei Jacob Klaas) wienen juster pupillen fan de wike.
Se spylje yn E3, mar hawwe sneon sels net fuotballe.

Willem

Willem Overal flagget bij SDS 2. Dat docht hij mei oertsjûging. Sels mei safolle oertsjûging dat hij in skiedsrjochter wit “om te praten” in doelpunt fan it Fean ’58 ôf te karren.

Terras
Kommende wike sil der by it ferieningsgebou in begjin makke wurde mei it meitsjen fan in terras oan de kant fan it B-fjild. Dan kin it moaie waar mar komme.

Jierdeis (sneon)
Juster fierden Erik Haitsma, Jan de Jong en Berus Bootsma harren jierdei. Sij waarden 25, 59, en 47 jier.
Lokwinske noch.

Jierdei (snein)
Trienus de Jong wurdt hjoed 40 jier en Jesse van der Weide 18 jier. Beide fan herte lokwinske.

Harsens derby (724)
Rudy Dykstra sil yn juny troue mei Baukje Wytske. Rudy sil no foar de rest fan syn libben de ôfwosk dwaan, wykeins by skoanheit en mem op besite en bern is ek gjin probleem. Al wol hy de musyk foar de brulloft útsykje. Wat foar musyk. Dat heart sy dan wol…………