Utslaggen sneon 17-3

SDS League: Parel 2 pakt de wykpriis!
15 maart 2012
Weppers snein 18-3
18 maart 2012

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700

     
 
9:00 SDS D3 – Heeg D2  3-9
9:00 SDS E4 – Mulier E2  2-3
10:10 SDS F2 – Oosterlittens F1  0-9
10:10 SDS F5 – Scharnegoutum’70 F5  0-4
10:15 SDS C2 – Blauw Wit ’34 C5  
11:00 SDS F6 – SWZ F7  0-20
12:00 SDS B1 – Heeg B1  g.n.t.
14:30 SDS 5 – Blija 2  g.n.t.
19:30 CVVO DA1 – SDS DA1  g.n.t.
9:00 Workum D1 – SDS D1  8-3
9:00 Scharnegoutum’70 E3 – SDS E3  14-3
9:00 RES F2 – SDS F1  0-6
9:00 S.C. Stiens MD1 – SDS MD4  2-1
9:15 SWZ E8 – SDS E5  2-3
9:50 VWC F2 – SDS F3  1-1
10:15 QVC F3 – SDS F4  2-3
10:30 Tzummarum C1 – SDS C1  3-2
11:00 QVC A1 – SDS A1  4-1
11:30 Akkrum E4 – SDS E1  5-2
12:15 JV Bolsward D3 – SDS D2  
12:15 Franeker SC DA2 – SDS DA2  4-1
12:30 Makkum 2 – SDS 2  1-3
13:00 Olde Veste’54 5 – SDS 4  2-1
14:30 ONT 1 – SDS 1  3-3
14:30 Leeuwarder Zwaluwen 4 – SDS 3  3-3

SDS 1 – ONT 1 3-3
In bult doelpunten en in alderaardichst spannende wedstryd wer miskien wol mear ynsitten hie as 1 punt. Net om it spulbyld, mar mear om it skoreferrin. SDS kaam mei 2-0 foar troch 2 goals fan Jelmer Posthumus, mar ONT kaam werom oan ’t 2-2. Doe ’t supersub Dirk de Jong der 2 minuten foar tiid 3-2 fan makke foar SDS like it derop dat de 3 punten yn de kofferbak koenen. Dochs makken de Opeinders der noch gjin 2 minuten letter 3-3 fan en kaam SDS noch net iens gek fuort doe ’t der ek noch in goal fan ONT (terjochte) ôfkard waard. Ek ONT kaam noch goed fuort doe ’t inkelde SDS’ers al stienen te juichen, mar seagen dat Dirk de Jong allinnich foar de keeper de bal krekt njonken de goal skeat.
As it goed is kinne jim hjoed op de webside fan ONT ek in ferslach lêze oer de wedstryd.

Makkum 2 – SDS 2 1-3
SDS 2 wit eindliks wer ris te winnen. Op 1 oktober 2011 wie dit foar it lêst bard tsjin Oeverzwaluwen 2. SDS 2 komt no op 8 punten, stiet no ien nei lêst(ien puntsje boppe Minnertsgea 2) en hat miskien noch in hiel lyts bytsje sicht op liifsbehâld. Al moat der dan noch altiten wûnderen barre. Mei noch 6 wedstriden te gean stiet Oeverzwaluwen 5 punten foar en hat 2 wedstriden minder spile. Makkum stiet dêr wer boppe mei 7 punten mear as SDS 2 en like folle wedstriden spile.
Hendrik de Jong hat ús noch efkes it wedstrydferslach maild en dat kinne jim fine by de weppers fan moandei.

Leeuwarder Zwaluwen 4 – SDS 3 3-3
SDS makke al gau 1-0 troch Pieter Kamstra(wa oars?) en der like neat oan de hân. It spul wie miskien wolris in bytsje slordich, mar al better as de Sweltsjes. Dochs stie it by de rêst “gewoan” 3-1 foar de Ljouwerters troch 3 útfallen. SDS like lykas yn de thúswedstryd harren it tsiis wer nuver fan it brea ôf ite te litten. Yn de twadde helte pakte SDS it dochs wer knap op en nei op ‘e nij 2 goals fan Pieter Kamstra koe der dochs noch in puntsje meinaam wurde nei hûs.

Olde Veste 5 – SDS 4 2-1
De 2e goal fan de Stjinwyksters wie neffens hearen en sizzen ien út de rige “comedy capers”. Spitich genôch binne hjir gjin bylden fan en levere it SDS 4 gjin punten op.

Tzummarum C1 – SDS C1 3-2
Tzummarum uit, altijd lastig….
Lag het aan het veld? Aan de scheids? Aan de superwedstrijd van donderdag die toch teveel kracht gekost heeft? Onderschatting? Provocatie? Of lag het gewoon aan een gebrek aan vechtlust? Iedereen gaat de komende dagen eens goed in de spiegel kijken en volgende week is er weer een wedstrijd. De stand? Moeilijk om weer aan te denken: rust- en eindstand 3 – 2 voor Tzummarum, na een 0-2 voorsprong. De kans op een kampioenschap is hiermee erg klein geworden.
Tjerk
 

Akkrum E4 – SDS E1 5-2

Tien minuten later dan geplant  kon de wedstrijd eindelijk beginnen oorzaak de scheids kwam niet opdagen!

Ik weet niet of dit de oorzaak was of het feit dat er weer een jong broekje als scheids het veld ingestuurd werd, maar er werd slordig gevoetbald.

Veel lange ballen naar voren en ook vaak ongecontroleerd weggeschoten. E1 was weer goed in het kopiëren van het spel van de tegenstander, In plaats van ons eigen spel te spelen, toch kwam er een opleving aan het einde van de eerste helft en de ruststand was  0-1.

Met enige hoop dat dit goed zou aflopen, nu wij voor stonden,  moesten we de tweede helft tegen de wind in spelen.

Hierdoor kreeg Akkrum E4 wat vleugels en, mede door wat frustratie achter in, scoorde zij in een razend tempo en werden er 5 goals gemaakt.

SDS herstelde te laat maar maakte toch nog een keer een goal.   Eindstand 5-2

QVC F3 – SDS F4
SDS F4 hat syn earste 3 punten fan de twadde helte fan it seizoen alwer binnen. Sy wûnen yn Starum mei 3-2 fan QVC troch 2 goals fan Arjen Stremler en ien fan Pieter Wijnia.

SDS F6 – Sneek WitZwart 0-20

F6 ferliest, mar mei opheven holle!
Hjoed hie F6 harren twadde wedstyd. Us jonges en famke moasten tsjin F7 fan Snits Swart Wyt. In wedstryd wêrfan we fan te foarren al wisten dat it wol es dreech wurde koe, want de Snitsers (allegeare jonges die foar it twadde seizoen spylje) hiene ferline wike mei  21-0 fan Warkum wûn. Trainer  Tsjipke hie fan’e wike op’e training noch sein dat us spilers freed mar betiid op bed moasten mar sommigen hiene fan’e senuwen net al te bêst sliept. Fol goede moed en mei allegeare Heiten en Memmen, Pakes en Beppes langs de line begongen ús “Toppers” de striid. Al gau reinde it doelpunten mar oan de ferkearde kant….
Sportief fan’e Snitsers wie dat wy nei it skoft mei in man mear it fjild yn mochten. Nei de ranja kaam der yn it spul fan SDS steeds mear lijn mar toch foelen de doelpunten wer oan ‘e ferkearde kant. Skiedsrjochter Gert-Jan bleaun mar turven…  úteinlik waad it 0-20. We ha no al sin yn’e útwedstryd tsjin Snits want us Team sjogge we per wedstryd foarút fleanen. Der gongen al stimmen op foar nije koaches want oan de spilers leit it seker net!  Oare wike gean we nei Nije Hoanne en meitsje wy ús klear foar de kompetysje: Best of the rest!
Tiede van der Velde