Útslaggen en ferslagen sneon 22-9

Seleksjes sneon 22-9
21 september 2012
Weppers snein 23-9
23 september 2012

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700

útslach
22-9-2012
9:00 SDS D2 – Oeverzwaluwen D2 1-5
10:15 SDS F1 – Arum F1 16-0
12:30 SDS 3 – Bolswardia 2 0-2
14:30 SDS 2 – Workum 2 1-0
9:00 Heerenveen D3 – SDS D1
9:30 AVC C1 – SDS C1 2-5
11:00 WWS C1 – SDS C2 6-1
12:30 Frisia B3 – SDS B1 4-1
14:00 VVI 3 – SDS 5 2-1
13:30 Scharnegoutum’70 MC1 – SDS MC1 3-4
14:00 Sparta’59 A1 – SDS A1 0-5
14:30 Veenwouden SC 1 – SDS 1 1-0
14:30 Rood Geel 6 – SDS 4 2-6
15:15 Oudehaske VR1 – SDS VR2 4-1

Veenwouden 1 – SDS 1
De wedstriid waard 10 minuten foar de ein beslist troch in strafskop nei hands fan Jacob Klaas. Neffens ús twitterynformant wie dit sa’n bytsje de earste kâns dy’t Veenwouden krige. SDS hat seker kânsen hân om op foarsprong te kommen.

SDS 2 – Workum 2
De twitterferslachjouwer joech oan dat nei 45 minuten de fersoargers it drokker hiene as de man dy’t it skoareboerd betsjinne soe. Der wiene oan beide kanten net folle kânsen, mar wol in soda hurde oertredings. Nei it skoft waard it spul noch iets minder mar skoarde SDS 2 wol. It wie Feite de Haan dy’t 10 minuten foar de ein skoarde út in strafskop neidat in SDS spiler ûnderút helle waard.

VVI 3 – SDS 5
In haadrol juster foar Harm Auke yn Jidskenhuzen. Hij makke de 1-1 en holp VVI in handsje om de 2-1 te meitsjen.

Sparta ’54 A1 – SDS A1     0-5
It wie in moaie wedstriid neffens ús ynformant yn it fjild. Hij seach it team de nul hâlden en hij seach Jan Friso Bruinsma (3) Teun Heeres en Jurjen Los skoaren. Wij tinke dat de lieder (mei in Sparte ferline) hielendal grutsk werkaam yn Easterein.

AVC -SDS C1
We moesten een uit wedstrijd voetballen tegen AVC.
We hebben drie punten binnen door 2 goals van Yward, 1 goal van Piter,1 goal van Habtamu en een goal van mij.  Ik vond het een hele leuke wedstrijd om te spelen. Voor de rust stonden we 0-2 voor na de rust werd het 2-5 Groeten Wiard Koopal
GO! SDS

Scharnegoutum MC 1 – SDS Mc1       3-4
In lekkere doelpuntrike wedstriid en boppedat winst. Jeska Terpstra en Nynke Hoekstra skoarden beide twa kear.

SDS D2- Oeverzwaluwen D2
En opnieuw liep D2 na een kwartier achter de feiten aan: 0 -3 na evenzovele kansen van Oeverzwaluwen.
Drie loepzuivere counters zorgden voor deze onbalans. Voor de rust kwam er nog één bij. Na rust stond D2 op. Mooie combinaties leidden tot vele kansen. Oeverzwaluwen kwam er nog één keer goed uit, wat ook meteen een doelpunt opleverde, maar voor de rest waren de ploegen minstens gelijkwaardig. Hendrik pikte zijn doelpuntje mee na een mooie combinatie over vele schijven.
D2 is klaar voor de competitie en toe aan een overwinning.
 
Tjerk


Oefenwedstriden:
SDS E4 – SDS E5
SDS F2 – SDS F3 10-1
SDS E2 – SDS E3 5-2
SDS F4 – SDS F5

Efkes Balje
Der binne fan dy mominten yn de skiednis dat je noch krekt witte wat je diene op dat momint. De âlderen hawwe it oer de dea fan Kennedy, de jongeren en de âlderen hawwe it oer 11-9-2001 en sûnt juster is dêr bij kommen Haren. Foar altyd sille Auke, Wouter, Theo, Johan, Pieter, Tjerk, Harry , Friso, Oane Bauke, Gerlof Jan, Durk, Folkert Rients, Aant en Bertus sich de dei herinnerje dat sij Efkes Ballen op it momint dat healwizelingen út it hiele lân ôfreizgjen nei Grins mei mar ien doel: keetskoppe.
Yn Easterein stiene 4 doelen: twa foar skopdoelpunten en twa foar kopdoelpunten. In enerfearjende partij mei fansels it hichtepunt it lêste doelpunt. Op knibbels miskien wol op syn búk wist Bertus it lêste tikje te jaan en dêrmei sil hij  letter altyd sizze kinne op de Harendei skoarde ik de winnende. Spitich dat it goeie gefoel dat je hawwe nei sa’n moaie pot fuort giet at je heare hoe’t Feesbook de ûnskuld feroare hat. Lit ús hoopje dat der gjin SDS-ers ek mar in momint neitocht ha om dêr ek hinne te gean.
(ah noch altiten mei burd)