Utslaggen 4-5

Seleksjes sneon 4-5
3 mei 2013
Weppers snein 5-5
3 mei 2013

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700.

8:30 SDS C2 – Mulier C1 5-3
9:00 SDS F4 – Hielpen F1
10:00 SDS D2 – LAC Frisia 1883 D3 4-3
10:00 SDS VR2 – Makkum VR1 2-3
11:15 SDS D3 – Makkum D2 3-11
11:50 SDS 4 – Rood Geel 6 3-3
12:30 SDS 5 – CVVO 5 6-1
14:30 SDS 1 – Veenwouden SC 1 1-2
14:30 SDS A1 – Harlingen/Robur A1 0-2
10:30 Franeker SC B2 – SDS B1 5-6
10:30 Franeker SC D1 – SDS D1 5-1
12:30 Makkum 2 – SDS 2 2-0
14:00 Joure SC 2 – SDS 3 3-2

SDS 1- Veenwouden 1
Hurd wurkje wie net genôch foar de thúsploech. Foar de útploech wol. Veenwouden siet der fan ôf it begjin boppe op en SDS krige gjin kân om yn it spul te kommen. Se krigen yn de earste helte hast gjin kâns om in fatsoenlike oanfal op te setten (ek mei troch de hurde wyn) en se krigen seker gjin kâns op in doelpunt.
Veenwouden kombinearde makliker en mei in soad fariaasje, sadat doelpunten net út bliuwe koene. It waard yn minút 18 0-1 en minút 30 0-2. Op dat stuit wie der gjin sicht op ferbettering foar SDS.
Nei it skoft hie SDS de wyn yn de rêch en joech de ploech mear mooglikheden om der út te kommen. Der ûntstiene oanfallen en der ûntstiene kânsen op it doelpunt foar SDS. Dat lêste slagge in kertierke foar tiid troch in hakje fan Erik Haitsma op de efterline nei de frijsteande en krekt ynfallen Elger Turksma en dy mist de bal mei de alder minste gong oer de line te wurkjen.
SDS woe noch graach in gelykspul der útslepe mar dat slagge net. Matige pot dy’t terjochte ferlern gie. Noch twa wedstriden en 6 punten te heljen. Der is noch altiten hoop.

Makkum 2 – SDS 2     2-0
“In gefjocht tsjin harren sels” sa omskreaun twitterferslachjouwer Sjoerd van Beem it optreden fan syn team.

sc Joure 2 – SDS 3    3-2
Trije kear skoare en dochs net winne. De mooglikheid om te winnen wie der seker wol mar twa doelpunten yn it goeie doel fan Pieter Kamstra wie net genôch foar de oerwinning. It kriptyske omskriuwing fan de efternamme fan de e.d. makker?
“In wepmaster yn it fjild mei de oare syn namme”

SDS 4 – Rood Geel 6    3-3
Wij begjinne mei de assisten: Eeltsje  Postma twa stiks. Doelpunten wiene der fan Jelmer, Doede K en Broer Jacob. Supporters oan de kant fregen harren ôf hoe’t it dochs mooglik is dat SDS 4 net winne koe fan in “trochsakteam”út Ljouwert neidat Cambuur kampioen wurden wie en it de hiele nacht feest wie yn Ljouwert?

SDS 5 – CVVO 5     6-1
At it oan lieder Harm Auke Dijkstra lein hie, dan hie syn team nei ôfrin yn in sjurtsje neisitten mei de tekst “wij binne de besten fan de klup”. Mar omdat de tekst “wij binne de besten”net sa goed past bij in PSV-er, mochten se harren eigen sjurt oandwaan. Sels siet hij mei in Cambuur sjurt nei hoewol it wol wat fuortstoppe wie ûnder trije oare sjurtsjes.
Fan “de tafel”fernamen wij dat de earste helte fan in tige heech nivo wie en dat it de twadde helte allegear wat minder wie.
Doelpunten wiene der fan Ronny (2), Jeroen, Jappie(2) en Christiaan.

SDS D2 – LAC Frisia D3  4 – 3
Kampioen gaan we niet worden, tenzij twee teams zich terug trekken! Toch een lekkere pot voetbal gespeeld tegen LAC Frisia D3 die, eerlijk is eerlijk, moe waren van het Cambuur feest.
Absolute ster vandaag was Steven V. die twee keer fantastisch scoorde. Achterin was Sander de grote held. Ook Dirk speelde zijn beste wedstrijd van het jaar en bekroonde dat met een goal via zijn ‘chocolade-‘been.
We missen wat wedstrijdritme, maar let op, we komen eraan!
 
Tjerk


Efkes Balje
Bij it Efkes Baljen is de haadrigel dat der wille is en dat der net skopt wurdt op ankel en skonken. Mei oare wurden je bliuwe sa folle mooglik fan elkoar ôf. Dat jildt net foar Ferrie Korbach en Johan Heerma. At sij net bij elkoar binne dan skrikt net ien der fan sij elkoar mear as regelmjittich bij de bealch hawwe. It spul giet dan gewoan troch want beide ploegen hawwe dan in man minder en de twa jongemannen rollebolje wat op de grûn om en hawwe de measte wille.  Jsterjûn op it skopfjild yn Wommels waard der troch de oaren wer fûleindich striden om de doelpunten. En foaral om it winnende doelpunt. Dat foel: Klaas van der Weg makke him.
Nije wike wer yn Wommels om 19.30 oere en der kinne noch wol in pear bij…..