Utslaggen 23-2-2008

Seleksjes 23-2-2008
22 februari 2008
Weppers snein 24-2
22 februari 2008

Utslaggen, doelpuntenmakkers en oare nijsgjirrige saken kinne jim maile nei ús adressen

    útslach
12:15 SDS 3  – Leeuwarder Zwaluwen 4  ôflast
14:30 SDS 4 – Franeker SC 7  3-0
14:30 SDS A1 – NOK A1  6-0
10:15 SDS B1 – LSC 1890 B2  0-6
12:15 SDS DAJ  – Franeker SC DA1  0-16
14:30 Broekster Boys 1  – SDS 1  0-0
14:30 Drachtster Boys 4  – SDS 2  1-5
14:30 Heeg 4 – SDS 5  3-1
10:45 OudegaHJSC C1 – SDS C1  0-3
10:15 SDS E1 – SDS E2   (oefenje)

 5-3

Wedstrydferslaggen

Broekster Boys 1 – SDS 1     0-0
It ferslach fan Sikma is hjir. Wij sizze allinne mar: kreas dien, in punt helje yn Damwâlde is net min.

Drachtster Boys 4 – SDS 2     1-5
Hjoed waard ik útnoege om mei it twadde nei Drachten.
Ik bin bliid dat ik op de útnoeging yn gie. Bytsje beweging is net ferkeard no?
Ik ha lâns de line op en del in moaie wedstriid sjoen, fan ús kant dan. De 1-5 wie dik fertsjinne.
Om’t der nea in stikje fan it twadde skreaun wurd, hjir efkes wat hichtepunten:
Wichard skoart trije kear en rint hast tsjin in optater op nei de wedstriid
Gerrit en Hjalmar skoare elts 1 kear
De tsjingoal wie gjin bûtenspul
Alle goals waarden knap útspile
 
De jonge mannen Hjalmar, Redmer dienen it prima op it middenfjild
Der stie ek Jildert die de hiele wedstriid mei heit Wouter spile!
Wouter hat hast in oere en in kertier in brede jonge yn betwang hâlde moatten en it lêste kertier mocht Stefan dat dwaan
 
Willem Wijnia nei oardel jier wer ris oan it gers rûke mocht. Moai!
Dat alle spilers de noazen deselde rjochting út hienen. Sawol yn as foar de wyn.
Hylke en Robert in moai team foarmje. En Jan, noch betanke foar de eardere gearwurking!
Wichtige trije punten helle binne
– Durk Okkema en Feite de Haan wienen yn Drachten as supporters!
Op útnoeging fan Robert mei ik takom wike wer by it twadde wêze en sil dan ek lâns de line op del.
PS: Dan sette we jild fan de grutte klupaksje ek om yn bitterballen!
Klaas P
.

SDS 4 – Franeker 7   3-0
In makkie neffens lieder Bas deHaan. Hij skoarde, Johan Delfsma die dat ek en fansels Gearard Posthumus.

Heeg 4 – SDS 5
It ienige wat wij dêr fan heard hawwe is dat Jan Stenekes út in frije traap skitterend skoorde.

SDS A 1 – NOK A 1    6-0
In reguliere oerwinning. Doelpunten fan Sytze, Feiko, Jacob (3) en Freek

SDS B1 – LSC B1
De B-junioaren ha mei 11, en in twadde helte mei 10, man ferlern fan LSC 1890 B2 mei 0-6.
Wyte L en Broer Jacob wienen blessearre en Gerrit L wie siik. Betterskip.We ha 16 spilers en der stienen 11 yn it fjild yn de earste helte. Hè?!16 – 2 = 11? No ja, der wienen trije man net op kommen dagen (sjoch ferslach).
De jonges ha mei in soad ynset en prima ynstelling knokt.
De earste helte wie it fuotbal bêst genôch en we koenen de skea op 0-2 hâlde.
Mar mei 10 man yn de twadde helte waard dat muoiliker (Christiaan moast opjaan mei in blessuer).Troch in taktyske set krige Andries noch trije goede kânsen en Doede 1.
Mar we mochten hjoed net skoare.In wedstriid mei, foar ynset en ynstelling, in gouden rântsje. Jan Los tige tank foar it flagjen!
PS: Gerrit betterskip

It ferslach

Oudega C1 – SDS C1     0-3

Twee weken geleden werd C1 uit tegen Wardy Ferwerd uit de beker gevoetbald. Ondanks duidelijk veldoverwicht van SDS wist Wardy met enkele kansen de stand op 3-1 te brengen. Het spelbeeld was aanleiding om de twee weken daarna specifiek te trainen op positiespel, zonder de bal lopen voor extra afspeelmogelijkheden en het veld breed en groot houden. De aanpak van trainer de Jong heeft vandaag zijn vruchten afgeworpen. Door sterk collectief voetballen werd uit tegen Oudega HJSC C1 een 3-0 overwinning behaald. Jan de Boer wist twee keer in de eerste helft te scoren; eerst door goed opzetten van de aanval m.n door Marcus Brinksma en Feiko Scheepvaart. Feiko wist Jan daarna in zijn goede positie aan te spelen…. Het tweede doelpunt wist Jan zelf af te dwingen door gebruik te maken van de ruimte welke hij vanaf het middenveld kreeg. Hij kon richting doelgebied HJSC opstomen en een hard en zuiver schot bracht de 2-0 stand voor SDS op het scorebord.
In de tweede helft deed Martin Rienstra ongeveer hetzelfde; vanaf het middenveld zichzelf vrijspelen en met een LAS (= Lange Afstands Stiffie) kon hij de keeper van HJSC op het verkeerde been te zetten.
Alle doelkansen ontstonden doordat SDS heel goed samenspeelde en elkaar in vrije positie vaak wisten te vinden.
HJSC kwam af en t oe gevaarlijk voor het SDS – doel, m.n in de tweede helft. Echter de ‘dagkeeper’ Kristian Gaastra wist de belangrijke nul achterin te houden en is daardoor heel belangrijk voor de overwinning geweest.