Weppers snein 24-2

Utslaggen 23-2-2008
22 februari 2008
Weppers moandei 25-2
24 februari 2008

SDS 1 yn Damwâlde(1)
Douwe Reitsma makke sneon tidens de wedstryd wat
foto’s dy’t seker de muoite wurdich binne.

SDS 1 yn Damwâlde(2)
Siem Sikma makke in ferslach fan de wedstryd juster tusken SDS en Broekster Boys. Siem is der noch net gerust op as SDS folgende wike de periode pakt.

Ferslagen
Ferslagen fan de wedstriden fan juster kinne jim hjir fine. Der wie sles wer ris in ferslachje fan SDS 2. 

Klear en net klear
Douwe Reitsma hat lang blesseard west. Dat betsjutte dat hij syn hobby (fluitsje) sneons net dwaan koe. Doe’t hij wer fit wie moast hij earst wer wat testen dwaan bij de KNVB om wer ta litten te wurden. De Coopertest dat slagge en úteinlik de teory ek. It kin wer wurde soene je sizze, mar helaas ….Douwe is no wer blesseard.

E1-tsjin E3
E3 wie útdaagd troch C1 om tsjin elkoar te fuotbaljen. It ferslach fan Frank Bervoets (E3) en Tjerk van der Pol (lieder E3) stiet yn de Treffer dy’t ein dizze wike útkomt.

Plichtsgetrou
It is de tiid fan fakansjes. Oeral wurde wedstriden ôflast omdat fuotballers der in wike of in wykein tusken útwolle. Der binne ek spilers dy’t werom komme at de plicht ropt. Jacob Klaas Haitsma siet mei de skjinne famylje yn
Volendam mar kaam nei Damwâlde om te baljen. Soks liket der op. 

Tryst
Foar Floris Hiemstra rint dit seizoen ferfelend ta in ein. Troch problemen met syn hertritme sil hij dit seizoen net mear yn aksje komme. It hert moat earst wer it goeie ritme fine.

Famylje (1)
Jildert Hylkema fuotballet dit jier meast yn SDS 2 mei sa no en dan in útstapke nei SDS 1. Heit Wouter fuotballet net sa faak mear, mar at er fuotballet dan is it meast yn SDS 3 mei in hiel inkele kear iin útstapke nei SDS 2.
Sneon yn Drachten stiene se bijelkoar yn it fjild. Fansels ferlieze twa Hylkema’s yn alvetal net. Spesjaal foar harren harkje wij nei
Cat Stevens

Famylje (2)
Ek Sipke Hiemstra treedt regelmjittich op mei de soan. Dat fynt plak yn SDS 5. Om sneins bij de kofje en de buorrel “skoansoan” Robert Sijbesma ek wat better it petear te belûken, mocht ek hij sneon meidwaan yn SDS 5. Wij binne benijd hoe’t it ferlies tsjin Heech analyseard wurdt mei “trije” Hiemstra’s.

Sonneberg Borger systeem
“Degradaasjespûk ûntrinne is in makkie”. dat is de kop fan it stikje dat wij fan Stoffel Bouma krije:

de ien nei lêste partij tsjin Bear Boeloe ferlear Stoffel mar kaam sterk werom yn syn lêste partij. Hy wûn fan Teake Kooistra en waard fan de acht, sels noch fiifde. De earste en de lêste wûn. Wat ûngelokkich yn it einspul mar hy mei dus noch ris stride om it kampioenskip mar dan moat hy earst wol yn de lear by Jelle Wiersma út Wommels want dy wûn al de sân partijen!
Lokkich dat it wer foarby is en kommende sneon hoopje ik wer op it fuotbalfjild te wêzen of yn de dugout.

Ek Fedde Wiersma sjocht werom op it damjen:
It degradaasjespoek hat Stoffel (krekt) net te pakken krigen; hy krige in de lêste rûnte wat help fan syn klupgenoat Teake: Stoffel wist de partij te winnen. Dêrmei eindigden 3 spilers mei 2 punten op de plakken 5/6/7. Nei tapassing fan it saneamde Sonnenberg Borger systeem waard Stoffel 5e (fan de 8).