Utslaggen 2 maaie

Weppers 1 maaie
1 mei 2009
Weppers snein 3-5
2 mei 2009

Mail de útslach, in koart ferslach en bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen.




    Útslach
12:15 SDS 3 – Bolswardia 2  3-4
14:30 SDS DA1 – Joure SC DAJ  0-13
14:30 SDS A1 – JV Bolsward A1  6-2
11:30 SDS C2 – SneekWit-Zwart C3  1-7
14:30 Olympia’28 1 – SDS 1  4-0
12:30 BCV 2 – SDS 2  2-4

Olympia 1 – SDS 1     4-0
Der wiene efkes wat geruggies yn de kantine dat SDS 1 foar stie. De útslach jout oan dat dit net it gefal west hat.
Sjoch hjir foar it ferslach fan Siem Sikma.

BCV 2 – SDS 2   2-4
At SDS 2 mei de bus op stap giet dan …is it resultaat faak goed. No kamen se mei in perioadetitel werom út Burgum. Doelpunten wiene der fan Henk Postma (3x) en Hjalmar Ruiter.

SDS 3 – Bolswardia 2  3-4
SDS 3 hat muoite mei 90 minuten. In 3-1 foarsprong gie ferlern. Doelpuntenmakkers wiene Mark, Pieter en Remco.

SDS A 1- jv Bolsward A1
Der wie freedtemiddei en –jûn in soad tillefoanferkear oer SDS 1 en SDS A1. SDS 1 hie mar 10 spilers en frege A-junioaren mei.
SDS 1 hie te krijen mei keatsende fuotballers en blessures en der wienen ek al in pear fan it twadde mei.
De jonges (Ewout, Jacob) woenen earst net mei, want hja misten dan de lêste (thús)wedstriid fan de A’s.
Mar lieders en trainers ha in berop dien op it klupbelang en se binne mei nei Hasselt west.
De A’s koenen har rêde mei help fan de B’s (Kristian Gaastra, Eddy Visser en Martin Rienstra, tige tank jonges!)
Hja winne mei 6-2 fan JV Bolsward die mei itselde probleem siet en mar 11 man hie, letter mar 10 nei in blessuer.
Wytse iepent de skoare mei in skot fan 30-35 meter in de lofter boppehoeke, 1-0.
Doede tikket út in foarset fan Andries de 2-0 binnen. Rêst.
Andries sjit in ferdigener hast mei in de goal, 3-0. Wer Andries leit de bal del foar Arjen die behearst ynskowt, 4-0.
 De lêste man fan Boalsert makket in prachtige goal as hy de bal fan sawat de middeline/sydline yn de goal ‘leit’, 4-1.
De 5-1 is wer fan Wytse ne;t hy fia Eddy de bal krige en mei de lofter bûtenkant fan syn teannen yn de fierste hoeke sjit.
In útfal fan Boalsert kin krekt net hâlden wurde troch Remco, 5-2.
De moaiste teamgoal: Andries komt troch nei de 16, spilet Doede oan op lofts die Bauke by de 2e peal sjocht stean en Bauke sjit hurd yn.
In moaie ôfslúting fan in moaie en ek wol raar seizoen. Hichte en djiptepunten en moaie en núvere saken.
Dat kinne jimme allegear lêze yn it jierferslach wat yn de Treffer komt.
In wurd fan tank fan de keatsende fuotballers oan de fuotballers die hjoed foar harren i t plak ynnaam ha soe op syn plak wêze!
As de spilers fan SDS 2, SDS 3 (SDS 4?), SDS A1 en SDS B1 har net ynsetten hienen foar it klupbelang dan hienen der problemen west om te spyljen.
Derom, keatsende fuotballers, prachtich dat jimme goed binne yn twa sporten! Dat is mei mooglik troch jimme kollega’s!
Elts in goed wykein.

Groetnis fan in keats- EN fuotballeafhawwer.