Weppers snein 3-5

Utslaggen 2 maaie
2 mei 2009
Weppers moandei 4-5
3 mei 2009

Wat docht de skeids?


Dizze wike gie it nei 30 april foaral oer foto’s. Welke foto’s sette je wol of net yn de krante. In goeie foto meitsje is ek gelok. Nim no Stoffel. Hij wie mei SDS 2 nei Burgum en makke dizze foto. It momint fan de wedstriid. Want wat docht dy skeids hjir?

Wat docht dy spits?
Henk Postma mei in frije traap nimme. It wurdt in doelpunt. Wij freegje ús ôf at hjir sprake is fan in assist fan de spits fan SDS 2.

In doar
At kommend wykein Christiaan Hoekstra en buorman Klaas Kamstra ôfsizze foar SDS 5 dan witte wij de reden no al. Bij Christiaan komt te stean: Doar timmerje en bij Klaas doar strate. En wij tinke dat se de radio net oan ha of
net al te lûd.

50 jier
Al wer in Abraham binnen de SDS gelederen. Meinte Wesselius wie op 2 maaie jierdei en heart no ek bij it wize folk. Wij hoopje fansels dat wij noch efkes in foto krije fan it túntaferiel.

Ofskie
Wij hawwe heard dat er in ôfskiedswedstriid komt foar Floris Hiemstra. Der is ek in datum prikt sa’t it skynt: 15 maaie. Dat is op in freed en wij binne benijd nei de bedoelings.

Oanpast wenning?
Foar de famylje Pompstra wurdt it hast tiid om op syk te gean nei in oanpaste wenning. Soan Jarco hat de foet stikken en krukt him troch de tiid. Heit Klaas krukte juster ek al om as lieder bij A 1. Wij fregen ús ôf wat der wie:
Mei in folleybalpartijtsje tsjin COVOS B1 (wienen kampioen wurden en we spylen as âlders efkes tsjin de famkes), kaam ik by it delkommen nei in smash terjochte op de râne fan it oar syn skoech.
Letter die bliken dat der yn it middefoetsbonkje fan de lytse tean in skuorke siet. Sûnt moandei yn it ringips oant en mei 26 maaie.
It is net oars..
Klaas

Noch ien kear 10 jier
Hjoed bestiet Jimbar foar de lêste dei 10 jier. dat wurdt fierd mei keatsen op de Terp (15.00 oere) en muzyk fan Jan Nota. (17.00 oere)