Utslaggen 11-2-2006

Wepperkes -sneon-
10 februari 2006
Wepperkes -snein-
11 februari 2006

SDS 1- PKC 1         1-4
In flattearde oerwinning foar de Grinzers. Binnen 20 minuten stie SDS al mei 2-0 efter wylst der wol kânsen wiene om te skoaren. In doelpunt fan Skelte Anema waard ten ûnrjochte ôfkard. Nei de tee spile SDS in prima wedstryd mar skoorden pas yn de 80 ste minut. Dirk Yde wie de skutter.
Geskutter efteryn soarge der foar dat it 1-3 waard. De 1-4 wie foar de statistiken.

SDS 2 – Knickerbockers 3      3-1
De mannen fan Klaas Okkema spilen prima tsjin de koprinner. Pieter Kamstra makke foar de tee 1-0.
Nei it skoft skoorden Willem Wijnia(op oanjaan fan Stefan van Krimpen) en Gerlof Veldstra.
Opfallend wie de rentree fan Kees Adema by SDS. Hy spile in knappe pot.

Stormvogels 1 – SDS 4
Ype Tiemersma wie mei 4 doelpunten de goudhoanne. Goeie assisten fan Sipke, Anco en Bertus soargen der foar dat hij skore koe.

De útslaggen

    útslach
14:30 SDS 1 – PKC’83 1  1-4
12:15 SDS 2-Knickerbockers The 3  3-1
12:30 SDS A2 – JV Bolsward A2 ôflast
9:00 SDS B1 – SneekWitZwart B1 0-4
10:30 SDS C1 – Nijland C1 ôflast
11:00 SDS C2 – CVVO C2  1-1
14:00 Stormvogels’64 1 – SDS 4  1-4
14:30 Franeker SC 5 – SDS 5 ôflast
10:30 Nijland A1 – SDS A1  3-2
9:30 FVC D1 – SDS D1  15-0