Seleksjes sneon 23-8
22 augustus 2008Weppers snein 24-8
24 augustus 2008It begjint hjoed allegear wer wat op in echt programma te lykjen. 5 thúswedstriden en 3 útwedstriden. At je wolle kinne je de hiele dei fuotbal sjen op de Skoalleseize. De earste wedstryd begjint al om 9.00 oere en de froulju slute de dei ôf om 16.30 oere.
Hawwe jim útslaggen, doelpuntenmakkers, strakskoppemissers of oare nijsgjirrichheden te melden mail se nei dizze adressen.
útslach | ||
14:30 | SDS 1 – Broekster Boys 1 | 2-1 |
12:30 | SDS 4 – Rood Geel 2 | 2-5 |
14:30 | SDS A1 – Makkum A1 | 2-5 |
16:30 | SDS DAJ – Oosterlittens DA1 | 0-4 |
9:00 | SDS E1 – Akkrum E1 | 2-6 |
10:00 | SDS F1 – Scharnegoutum’70 F1 | 4-3 |
12:15 | Bolswardia 2 – SDS 2 | 2-0 |
11:45 | Harlingen B1 – SDS B1 | 6-2 |
11:00 | Mulier D1 – SDS D1 | 2-11 |
Hjirûnder kinne jim de programma’s fine fan alle SDS-teams foar it kommende seizoen:
*Programma alle SDS-teams 2008-2009
Ferslagen:
SDS 1 – Broekster Boys 1 2-1
SDS 1 wint net ûngelokkich fan Broekster Boys 1. Âld-trainer fan SDS, Klaas Dijkstra, tocht in punt yn de bûse te hawwen, mar it rûn wat oars.
Yn de lêste minút makke Mark Postma de winnende goal. By de rêst stie SDS mei 1-0 foar troch in goal fan Tsjalling Sikma.
Sjoch hjir foar mear foto’s fan Henk Bootsma.
Bolswardia 2 – SDS 2 2-0
Foarige wike wûn SDS 2 de oefenwedstryd tsjin Bolswardia noch mei 4-0 en no gienen sy de boat yn. Bolswardia wie no kompleet en SDS wie doe kompleet. 5 spilers fan SDS dienen de foarige kear ek mei. De rest kaam út SDS 1, 3 en 4.
Bolswardia wûn de wedstryd terjochte. SDS krige net folle kansen en Bolswardia wie iets sterker.
SDS DAJ – Easterlittens DA1
De famkes fan SDS moasten hjoed tsjin Easterlittens. Wy hawwe wol in foto, en no ek in útslach. (0-4)
SDS A1 – Makkum A1 2-5
SDS A1 hat hjoed ferlern mei 2-5 fan Makkum yn de 2e bekerwedstriid.
It wie net in goede wedstriid, mar we steane wer efkes mei de fuotten op de grûn. Troch spilers die misten en it wikseljen troch blessueres moasten we ymprovisearre.
Dat slagge wol aardich, mar oer de hiele wedstriid ha we miskien 30 minuten aardich fuotballe. Andries en Freek skoare. We trainen no twa wike en kommende wiken wurd der ek op freed traint. De mannen ha der dus wol wat foar oer!
Groetnis,
Klaas
(klik hjir foar it folledige ferslach)
Harlingen B1 – SDS B1 7-2(of wie it no 6-2??)
Bekerwedstrijd:De datum today is sneen 23 augustus 2008 tiid wedstriid 11:45
Wij SDS B1 moest hjoed tsjin Harns fuotbalje.
De wedstriid begon. Harlingen kaam nei sa’ n 30 minuten op 1-0 foar , wat foutsjes fan it middenveld . Dus SDS moest terug komme. Wij ha de bol , Thor Ruiter joech Stefan een mooie pass, mar hij schoot krekt oer ( jammer) . It koe de 1-1 wurde. Harlingen wer en ja hjer 2-0 Harns, sij tikje goed oer mei de bol. It wie rust en de leider Hendrik jowt wat goeie instructies, mar die foere wij net goed ut. De skeidrechter wie net een goeie skeids. Hij koe net fluite , no ja hij koe it wol mar telkens krige Harns wer de vrije trap wij bijna nooit. Fjouwer goals fan hun wiene wol butenspul mar hij seach telkens net nei de grensrechter. De 2de helft ha wij de aftrap, SDS dus , we tikje wol goed oer . We krije op it lest bolferlies en it waard 3-0. Klotezooi, it wie wer butenspul . Toen Harns op 5-0 kwamen hiene we de aftrap wer en de bol komt bij Ayanle en hij scoorde 2 kear dizze wedstriid. Er wiene dizze wedstriid ek frij folle blessures yn us team. De eindstand wie 7-2 foar Harlingen.
Volgende wike moatte we thus tsjin AVC volges mij. Hopeluk winne we die even. Dit ferslag is makke troch Leandro Ana 2.
It folgende ferslag sil makke wurde troch een oare spiler van de B1`
Groet:
SDS F1 – Scharnegoutum F1 4-3
Hendrik van der Eems (F1)