Werom út Liverpool!

Wepperkes -freed-
17 maart 2006
Útslagen 18-3-2006
18 maart 2006

Marco Hoekstra, Jan Simon Jelsma, Durk Okkema en Robert Hoekstra binne werom út Liverpool. Sy binne woansdeitejûn by Liverpool-Fulham west op Anfield Road. Fansels binne sy ek yn it Liverpool-museum west en hawwe sy dè Liverpool-pub besocht. De sterke ferhalen komme fêst fanmiddei yn de kantine. Wy hawwe alfêst de foto’s:


“Walk ooooooooooon, walk oooooooooooonn,………”


In korner foar Liverpool.


Hjir it libbende bewiis dat Jan Simon, Marco, Robert en Durk echt op Anfield Road west binne.


De sjaal fan VV SDS fan Freddy hong noach moai te plak yn de Liverpool-pub.


“Makkesto de stoel efkes skjin Durk?”


“………net nei de kamera sjen…….”


“Efkes laitsje!”


Ek by Liverpool binne der minsken dy ’t wat te betiid nei hûs geane.


“Efkes prooste op de 5-1 oerwinning fan Liverpool!


De kleedkeamer fan Liverpool. Nergens oankomme dus.


Dat koe Riise syn soan wol wêze.


De kup mei de grutte earen!