Weppers goeiefreed
24 maart 2016Peaskeweppers
27 maart 2016Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!
9:00 SDS E3 Balk E2 1-8 9:00 SDS D2 Oosterlittens D2 0-1 9:30 SDS MINI SDS MINI 10:15 SDS F2 IJVC F3 3-2 10:15 SDS F4 LSC 1890 F8 0-5 10:30 SDS B1 Oudehaske B1 14:30 SDS 3 WPB 3 2-1 14:30SDS Vr1Warga Vr1 9:00 SC Bolsward F3 SDS F3 1-3 10:00 TOP ’63 C1 SDS C3 12-1 Frisia SDS MC1 0-2 10:45 LSC 1890 F1 SDS F1 3-3 11:45 SC Berlikum MD1 SDS MD1 4-0 12:30 Leovardia C2 SDS C1 0-3 14:30 WPB 1 SDS 1 2-2 14:30 Leeuw.Zwaluwen 9 SDS 4 2-7
WPB 1 – SDS 1
Bij dizze wedstriid fan ien fan de boppesten tsjin ien fan de ûndersten wie it ferskil net sa grut. Nei de minút stilte wie it gelyk SDS dat sterk begong en op 0-1 kaam. Jacob Klaas Haitsma mocht frij ynkoppe bij in korner.
Wat langer de earste helte duorre wat mear at WPB in licht oerwicht like te hawwen. WPB makke nei sa’n 25 minuten de 1-1. Ek dit doelpunt foel út in dea spylmomint. Knullich útferdigenjen bruts SDS op want Hendrik de Jong, yn de poging om de flater fan in oare te korrisjearen, rekke hij in WPB-er licht of net mar wiisde de skiedsrjochter wol nei de stip. 40 minuten wiene der doe spile. Mar SDS kaam noch foar it skoft op 2-2. Dirk Yde Sjaarda wie de makker.
Yn de twadde helte sakke it peil en moast it jeugdige SDS (mei twa A’s yn de basis) alle silen bijsette om foar te kommen dat WPB gefaarlik waard. Echt gefaarlik waarden se lykwols hast net.
In twadde giele kaart fan in WPB spiler soarge foar in meartalsitewaasje fan SDS mar dat wie oan it spul net te sjen. Kânsen wiene der net. Ek de tredde A (Habtamu de Hoop) kaam der noch yn foar Dirk Yde Sjaarda en Wietze Fopma naam it plak yn fan de útbluste Pieter Sijtsma.
2-2 waard de einstân en dêr hawwe beide ploegen net genôch oan om boppe yn echt mei te dwaan (WPB) of ûnderyn fuort te kommen (SDS). Hoewol SDS docht it ien nei lêste plakje oer oan NOK, op basis fan it doelsaldo.
Nije wike Delfstrahuizen thús, dat hjoed de ynhelwedstriid ferlear fan Oudehaske.
SDS 3 – WPB 3 2-1
Doelpunten fan Robert Sijbesma.
Leeuwarder Zwaluwen 9 – SDS 4 2-7
Doelpunten fan Ruun, Sytse (2), Rick en Eeltje (3)
SC Leovardia C2 – SDS C1: 0 – 3
Hjoed miskien wol de belangrykste en beladen wedstriid fan it seizoen. De kreaker tsjin mei-koprinner Leovardia. Om de oansluting te behalden moasten der beslist punten helle wurde.
De thuswedstriid wie destiids eindige yn 2-2 en der koene de gasten ut Ljouwert doe net hielendal goed mei omgean. Om 12.30 oere moast der spyle wurde en om 11.45 oere kamen wy oan op it moaie sportpark fan Leovardia. Yn de besjoerskeamer krije jo in kaai om de klaaikeamer mei of te sluten, want dit is blykbar nedich yn it grutte Ljouwert. Mar at de kaai dan net de fynen is, rint de spanning al in bytsje op. En at de kaai dan einliks boppe wetter is, blykt der ek noch in oar team yn de klaaikeamer te sitten. Uteinlik krije we om 12.15 oere dan noch in oare klaaikeamer tabedield.
Hat dit dan al te meitsjen om us wat te untregeljen ? De warming up fan us like slap en sunder beleving. Nei in utgebreide paskes kontrole koene we dan einlik los. Ofspraak wie om alle duels te winnen en fan derut te gean fuotbaljen. Dizze ofspraak wurde net neikommen, want alle twadde ballen wiene foar Leovardia. Hjirtroch untstiene ek in pear grutte kansen foar de thusploech; de grutste kans foar hun bedarre op de peal. It like wol at de mannen fan SDS no wekker wiene, want langsamerhan kantele de wedstriid yn us foardiel. Hieltiid faker funen wy, troch direkt spyljen, de frye man. Mei us snelheid foaryn wurden we hieltiid gefaarliker.
Fertsjinne kamen we op 0 – 1 troch in goal fan Sjoerd, we skriuwe dan de 24e minut. Yn minut 27 makket Kent de 0 – 2 en twa minuten letter is het alwer Kent die de 0 – 3 tsjin de touwen sjit. Alle trye goals nei fantastische oanfallen. Foar rest noch in hiele grutte kans foar Kent, mar dizze bedarret op de latte. Ut in korner fan Leovardia op slach fan rest komme wy noch goed fuort. Mar mei 0 – 3 de rest yn is fansels boppe ferwachting. Yn de twadde helte, ek noch foar de wyn, mei dit fansels noait mear mis gean. De twadde helte wie indie in formaliteit. Leovardia kaam der net mear ut, neffens my binne se mar 1 kear oer de middelline west. In superieur SDS joech net 1 kans mear fuort, mar wist jammergenoch ek sels net mear te skoaren. Mar de winst wie fansels allang binnen. Mark, Sietze, Sander, Hendrik, Jopie, Wiltsje, Lars, Tjitse, Steven, Douwe J, Merijn, Sjoerd, Kent, Tjerk en Stan ha hjoed in geweldiche (team)prestaasje delsetten, hiele goeie saken dien en us in geweldich peaskewykein besoarche. Op sokke mominten tink ik wolris; wat soe it moai weze at je dit ploegje byelkoar halde kinne. Mei noch mar 1 puntsje efter Leovardia en noch 5 wedtriiden te gean is der fansels noch fan alles mogelik foar dat iene plakje om promoasje. In elts gefal ha we hjoed in moaie stap makke yn de goeie rjochting. Nye wike wer op skerp, thus tsjin LSC.
Theo.
Efkes Balje
Wij hawwe juster fan te foaren efkes socht om de Kruiffactor in plakje te jaan sa as dat yn de hiele wrâld bart sûnt tongersdei, de dei dat it libben fan Kruif stoppe.
Moatte wij wat dwaan mei 14? It idee om te wachtsjen dat er 14 man wiene, waard al gau oan de kant skood want de measten hiene net safolle tiid om dêr op te wachtsjen.
14 minuten stil wêze, dat wie ûnmooglik, sa wisten guon fan harren sels. Allegear mei nûmer 14 fuotbalje wie ek gjin opsje en it idee om mar 14 minuten te fuotbaljen gie al fan tafel foardat it der op kaam.
Nee it wie dúdlik dat it efkesbaljen konsept gjin romte jout foar in betinking fan nûmer 14.
Dus gie it gewoan los mei 5 tsjin 5. Dat ien (tiidlik?) ek ôfheakke is, wie no in gelok oars hie it wer ûneven west. Wij wisten it te omskriuwen as “Elk foardiel hat syn neidiel” en dêrmei hiene wij gelokkich de omgekearde Kruifffaktor te pakken.
Fierders gie it wer as fan âlds. Der waard wer fûl striden om de doelpunten en op it swiere fjild wie it betiden bikkelje en dat slagge wer prima want “at dyn broek skjin bliuwt kin it krekt sa goed net yn de wask”.
It slagge miskien wol net mei de 14, fierders fuotbalje wij sa’t Kruif woe: simpel, omdat it in simpel spultsje is en mei 5 tsjin 5 kin der nea in mantsje frij stean kin.
Wêr’t wij wol hiel bliid mei binne dat it net holden wurdt op sa’n “Kruiffjildsje” wêr’t stekken omhinne stean. Wij hawwe dy útpûstmomintsjes nedich en in bal fier neist of heech oer, soarget foar in laits bij de 9 man dy’t foaroerhingje en berêsting bij de balopheller.
Hast oan de ein rôp er noch immen “miskien moatte wij mei 14 doelpunten ophalde”. Dat wie wat oan de lette kant want partij Wouter, Johan, Hendrikus, Tjerk en Chiel hiene doe al 15 kear skoard. Ek de lytse finale moasten Theo, Ferry, Harrie, Folkert Rients en Aant krekt belies jaan.
Aant