SDS League: "Postmeister" pakt de kop!

Weppers freed 18-4
16 april 2015
Ut-en ferslaggen sneon 18-4
17 april 2015

Foarige wike wie it samar Klaas-Bauke Faber dy ’t mei “FC De Boekelaar” de wykpriis pakte. Dit hie der fertsjinne, want hy wie de earste fan SDS 5 dy ’t de lotten ferkocht hie.

Dizze wike is it Pieter Wesselius dy ’t mei “Kom op Douwe, wy gean op stap” de wykpriis pakt. Wy binne benijd wêr ’t Pieter en Douwe mei de wykpriis fan €12,50 bedarje. Miskien mar net te fier fuort,………………. want je moatte ek wer thús komme kinne.

Pieter is wiis mei syn wykpriis!

En dan!!!
Sjoerd Rispens is mei “Algemeen Fons” syn earste plak kwyt. Hy sakket nei it twadde plak en jout de kopposysje oer oan Jelmer Posthumus mei “Postmeister”. Wy binne benijd hoe lang as Sjoerd it folhâld op it twadde plak.

In kanppe wike foar Sjoerd van Beem mei “FC Bal op het dak”, want hy giet “Sjoerd van Beem” fan Hendrik Engbrenghof foarby en stiet lyk 8 punten op him foar.

Ûnderyn is it tige spannend yn de SDS League. De ûnderste 5 teams skele mar 5 punten. Dat kin noch alle kanten op, al stiet Douwe-Dirk Reitsma mei “DDR” noch altiten ûnderoan.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 8.