Ut- en ferslaggen sneon 11-5

Weppers freed 10-5
10 mei 2013
Weppers snein 12-5
12 mei 2013

Mochten jim fuotbald hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700.

Nei de wedstryd fan SDS 1 sil der in stikje muzyk yn de kantine wêze. De muoite wurdich om efkes hingjen te bliuwen liket ús ta.

útslach
8:30 SDS E1 – Joure SC E3 4-3
8:30 SDS E2 – IJVC E2 5-1
8:30 SDS C2 – Frisia C4 1-4
9:35 SDS F5 – Akkrum F4 0-5
10:30 SDS D2 – FVC D2 4-0
10:00 SDS A1 – Frisia A3 13-1
11:50 SDS 3 – Delfstrahuizen 2 1-3
12:00 SDS 5 – Woudsend 3 10-0
13:40 SDS 2 – Knickerbockers The 7 6-4
14:30 SDS 1 – Blauw Wit ’34 1 1-7
15:30 SDS VR1 – Holwerd VR1 g.n.t.
9:00 Workum C1 – SDS C1 1-3
9:00 ST Arum/Stormvogels’64 E3 – SDS E5 5-3
9:00 Oeverzwaluwen F1 – SDS F2 10-2
10:15 LSC 1890 E9 – SDS E4 7-3
10:30 MKV’29 B1 – SDS B1 g.n.t.
10:30 Bant F1 – SDS F1 9-3
11:15 SWZ D6 – SDS D3 8-2
11:15 Annaparochie St. MC1 – SDS MC1

1-8

11:40 Makkum F2 – SDS F4 0-8
12:30 Hielpen 3 – SDS 4 3-2

SDS 1 – Blauw Wit 1
It seizoen fan SDS 1 duorret oardelwedstriid te lang. Krekt nei it skoft makke Blauw Wit de 0-2 en doe wist elkenien it seker: degradaaasje is in feit, want in 0-2 efterstân omsette yn it oerwinning wie in utopy. It gebrek oan kwaliteit foar de twadde klasse wie dit seizoen al faker bleken, mar op dizze sneon hielendal. Binne der dan ek noch tal fan blessures foarôf en in oare ôfwêzige dan wurdt it noch dúdliker.
Yn de earste helte kaam Blauw Wit nei meardere grutte kansen op 0-1 en SDS wist dêr hast net in kâns tsjin oer te setten.  Yn de eraste helte gelyk al twa útfallers en yn de twadde helte ek noch in tredde útfaller. Nei de 0-2 krekt nei it skoft waard it priissjitten. It reinde doelpunten en mei noch 15 minuten op de klok stie it al 0-7. Skiedsrjochter Sjoukje de Jong stoppe ek gelyk nei 90 minuten en it wie moai dat Dirk de Jong der noch 1-7 fan makke hie. Moai foar de statistyk. It lêste doelpunt fan SDS yn de twadde klasse?
Nije wike Lekker Balje tsjin CVVO soene wij sizze.

SDS 2 – Knickerbockers 7
It wie de fraach at se kamen en mei hoefolle. It foel ta. Der stiene gewoan 11 man yn it fjild en de measten yn in swart broekje. SDS kaam op in grutte foarsprong mar liet it noch spannend wurde. Doelpunten fan Ayanle (2) Anne (2), Hendrik en Robert.
Der waard ôfskie nommen fan Robert Sijbesma en Jan Simon Jelsma as fuotballers fan SDS 2 en it wie ek  koach Marco Hoekstra syn lêste wedstriid. Hij giet nei Scharnegoutum.
 

SDS 3 – Delfstrahuizen 2       1-3
Foar SDS 3 wie it wedstriid sûnder belangen. Degradaasje wie al in feit. De doelpuntenmakker wie Arjen Los en in strafskopferoarsaker wie Hendrik.

Hielpen 3 – SDS 4    3-2
Doelpunten fan Douwe en Gert Jan.

SDS 5 – Woudsend 4    10-0
In wedstriid yn de PSV geast. Flink úthelje tsjin leechfleaners en it sitte litte at it der echt om giet. PSV-er Harm Auke (4) en PSV-er Jappie (2) , Welkoper Ype, Bootsma Boy Christiaan en Hans van der Schaar skoarden.

Workum C1 – SDS C1
Hjoed moast de C1 foutbalje tsjin de de noemer lest Workum C1.
Dit soe op papier in makje moatte wezze mar je witte it noait… 
De 1e helft: We begongen de earste helft mei goed foutbal en lieten de bal wol aardig gean wertroch der ek wat kanskes kamen de grutsten wynen foar Yward  1 op 1, knap redden troch de keeper en Gerwin tsjin de peal ut in corner.
Allinich it wy foar us telkens krekt net, stekpaskes dyt net oankamen, de 2e bal telkens foar Workum, it siet net echt mei. En Workum kaam der ek nog 2x heel gefaarlik ut mar Gertjan kaam beide keren goed syn goal ut.
Yn de leste 5 minuten van de earste helft wie der in counter fan Workum hjirbei makke hun linksbuten de 1-0 foar Workum, nogal unterecht. Yn de selfde pear minuten kamen wy der ek heel gefaarlik ut en sjitte Piter de bal richting de goal hun leste man underskepte de bal en knalde de bal yn eigengoal een echt ‘’Van der Hoorntje’’ hjirmei krigen wy toch nog us fertsjinne goal 1-1. Nei disse goal waard it rust. 
2e Helft: Yn de box krigen wy fan Remco te hjearen dat we de bal nog sneller moasten litte gean en mear us possitiespul te spyljen en dit dienen wy de earste 10 minuten foartreffelik! Hjirtroch krygen wy folle romte foar de stekbal nei Yward en dat pakte nei 10 minuten goed ut Yward kaam  wer 1 op 1 en hy hie sjoen dat ik foar leag goal stong, hy wachte op it goeie momint en lei de bal goed of nei mei en sa makke ik de 2-1 dankzij superwurk fan Yward!
Een pear minuten letter kamen we der wer gefaarlik ut Frank pebearde de bal foar te jaan mar der siet een ferdiger tusken de bal kaam viavia by Inne die een mantsje utspiele en de bal goed foar de goal joeg wertroch Frank de bal yn de goal tikke koe 3-1. De coaches fan Workum pearden it nog spannend te meitsjen troch 1 tsjin 1 te gean foutbaljen mar dit resultearde net mear yn een goal foar Workum.  
Al mei al een deagelike 3-1 oerwinning fan de C1! 
gr Habtamu de Hoop

ST Annaparochie MC1 – SDS MC 1
Wij seine dizze wike al dat MC1 it hielendal hat op dit stuit. Hjoed hellen se in grutte oerwinning yn St Anne: Nienke 3x, Kirsten 2x, Alissa 2x, Tjitske makken de doelpunten #topmeiden

SDS D2 – FVC D3
Genoeg gezeurd over de vele competitieonderbrekingen van D2. We voetballen als nooit tevoren! Sterk verdedigen, afgewissld met strakke passes en fantastische doelpunten.
En dit alles in de regen. In de eerste helft begonnen we wat rommelig, maar de tweede helft liet niets te wensen over: 4 – 0! Wat ons betreft kan het seizoen niet lang genoeg duren.
Tjerk

SDS E1  –   SC Joure E3
We misten hjoed trye spilers; Eeltsje, Ruerd en Stijn wiene op fekaansje. Lokkich woe Nykele wol mei us meidwaan, sadat we krekt genoch spilers hiene. Mei Sjors op ‘e goal, wie it begjin best goed. Dochs hiene we gelok; In ynset fan Joure wie (neffens us) oer de line, mar skeids, grens en fjirde man hiene it net goed sjoen. Efkes letter wie it oan ‘e oare kant wol raak!!! Ut in hoekskop fan Nykele, wie it in eigen spiler van Joure, die de bal efter syn eigen keeper skeat. We krigen de earste helte noch mear kansen, mar de bal woe der net yn.
Ek Joure krige kansen, mar us reserve-keeper Sjors hie in pear geweldiche reddingen. Dus mei in 1 – 0 foarsprong de rest yn. It begin fan de twadde helte wie, sa as gewoanlik hast, hiel slap. Dertroch foel al hiel snel de 1 – 1, en fuort dernei de 1 – 2. Mar geandewei de wedstriid kaam der wer wat fjoer yn it spul fan SDS. Nykele makke healwei de twadde helte de lykmakker. De mannen fan SDS leauwden der wer yn en de mouwen waarden nochris opstrupt. It wie dan ek fertsjinne dat wy op foarsprong kamen. De 3 – 2 waard makke troch de sterk spiljende Tjerk. Troch in utfal fan Joure wie it ek samar wer 3 – 3.
Soe it dan dochs wer ferkeard ofrinne sa as wol faker dizze kompetsje?
It antwurd is nee; Douwe Jan makke de 4 – 3 nei in hoekskop van Tjitse. Dernei wiene der foar beide ploegen noch de nediche kansen, maar de 4 – 3 bleaun op it skoreboerd stean.
In historyske oerwinning; de earste punten fan dizze kompetisje. Nye wike spilje we tsjin SWZ. Dizze mannen steane no gelyk mei us (underoan). By winst binne we dan fan it leste plakje of. Ik soe sizze, dit moat kinne !!!!
Theo.

SDS E2 – IJVC E2
E2 boekte juster in krease oerwinning op IJVC. Sy wûnen mei 5-1 troch goals fan Giel(2x), Tom(2x) en Michael. Dit betsjut dat E2 no boppe-oan stiet op doelsaldo mei likefolle punten as ONS en HJSC/Oudega. Dit binne ek de tsjinstanners fan de kommende 2 wiken. Dat wurdt spannend dus.

Bant F1 – SDS F1   bekerstriid
Vol goede moed gingen wij naar Bant. Veel ouders, pake’s en beppe’s broers en zusjes langs de lijn. Een mooie sponservlag van Van der Eems aan het hek. Sds begon heel sterk in de eerste 10 minuten, en dus was het eerste doelpunt ook voor sds. Ouders, broers, zusjes en rest erg blij… maar al snel was er de gelijkmaker. Na 10 minuten begon Bant toch echt wel te spelen en daar was dan ook al de gelijkmaker. bij rust was het 4-1. De rust was bijzonder. SDS was al onderweg naar de kleedkamer voor de nodige versnapering maar werden terug geroepen, doen we niet in de polder limonade pas na de wedstrijd. Nou iedereen was een beetje beduust van deze opmerking. Dus geen koffie en thee voor het publiek en limonade voor de jongens. De peptalk van klaas maar op het veld. Na enkele minuten gingen ze al weer los. Nog wat onwennig begonnen de jongens aan de 2e helft  en al snel scoorde bant de ene goal na de andere. De jongens probeerden nog van alles en scoorden ook nog 2x.  maar daarna was het op. Helaas 9-3 verloren. Jongens jullie hebben moedig gestreden en wat een avontuur  bij de laatste 8 is een hele prestatie. dus langs deze weg SUPER gedaan. We gaan nu voor het kampioenschap. 
groeten een ouder.

Efkes Balje
Jong en âld en alles wat der tusken yn sit Balle juster wer Efkes. De klanken fan de drumband fan Euphonia soargen foar in sfearfol barren. It waard in spannend potsje en de tonge hong nei in goed oere bij de measten op de fuotbalskuon. Sis mar ploech Theo/Matthijs kaam foar op 3-4 mar nei de lykmakker rûn ploech Ferrie/Harry út nei in flinke foarsprong.
De twa winnende doelpunten foelen ek yn it foardiel fan de ploech Pieter de B, Hendrikus, Aant, Ferrie en Harry.