Ut- en ferslaggen 8-3

Seleksjes 8-3
7 maart 2014
Weppers snein 9-3
8 maart 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers (ek SDS 4), bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 
0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek

    útslach
09:00 SDS E2 – Workum E4  3-8
09:00 SDS D2 – Leeuwarder Zwal D3  5-1
09:00 SDS E3 – Scharnegoutum’70 E4  8-3
10:10 SDS F1 – NOK F1G  7-4
10:20 SDS D4 – ONS Boso Sneek D4  1-2
11:00 SDS MC1 – Warga MC1  6-0
12:00 SDS 3 – Scharnegoutum’70 2  2-2
12:30 SDS C1 – ONS Boso Sneek C2  3-7
14:15 SDS 2 – Knickerbockers The 5  3-1
14:30 SDS 1 – Oudehaske 1  2-1
09:00 Oosterlittens F2 – SDS F2  5-2
09:30 Hardegarijp D3 – SDS D3  2-2
10:00 Scharnegoutum’70 F4 – SDS F4  1-8
10:15 LSC 1890 E9 – SDS E4  4-3
10:30 Sparta’59 D1 – SDS D1  4-3
12:30 ONS Boso Sneek 5 – SDS 4  2-3
12:45 Heerenveense Boys A2 – SDS A1 4-3
13:00 ST Foarut/Dronrijp C4 – SDS C2  3-0
14:30 Sleat 3 – SDS 5  0-1
14:30 Blauw Wit ’34 A2 – SDS A2  oflast
15:00 Scharneg.’70 VR1 – SDS VR1  ôflast

Y.f.m. it overlijden fan Stoffel Bouma ôfrûne woansdei sil der foar de wedstriden fan SDS 1 en 2 in minút stilte wêze. Ek sil der gjin muzyk draaid wurde op de Skoalleseize en is der gjin draaiend rêd.

SDS 1 – Oudehaske 1    2-1
SDS pakte sneon tige wichtige punten tsjin Oudehaske. Wichtich omdat er noch wol punten nedich binne om net ûnnedich yn de gefarensône te kommen en wiichtich om wer fan selsbetrouen te krijen nei it debakel yn Boalsert.
SDS – Oudehaske wie net in wedstriid wêr’t je waarm waarden fan gewledich spil mar it wie wol lekker iepen oan beide kanten. Beide ploegen krigen genôch mooglikheden ta kânsen.
Foar it skoft foel earst de 0-1. Doelepunt kaam letterlik en figuerlik út de loft fallen en ynfal doelman Marten Faber like it wat maklik op te nimmen wêrtroch Oudehaske profiteare koe.
De trainer fan SDS Jaap de Groen moast yn de earste helte al in wiksel tapasse. De net fitte Tsjipke Klaas gie der út en de iets fittere Wytze Lanting kaam der yn. Dat levere gelyk oanfallend spul fan SDS op en it doelpunt foel noch foar it skoft. Marco Rijpkema joech in prachtige lange bal op Ayanle, dy’t mei rjochts oannaam en ferrassend úthelle mei links. In skitterjend doelpunt.
Geluk nei de tee wie de beste kâns foar Oudehaske, mar yn in ien op ien sitewaasje mei doelpunt Marten waard it sydnet rekke.
Dat der tenminste noch in doelpunt komme soe, wie wol te ferwachtsjen. SDS hie it iets bettere spul en in moaie pass fan Kristian Gaastra waard prachtich ynsetten troch Dirk Yde Sjaarda.
It bleau tige spannend en de skiedsrjochter hie blykber noch te min meters makke want hij liet wol hiel lang trochspylje. Marten Faber rêde yn dy lêste minút noch mei in geweldige redding en sa wien der 3 punten binnen.
Aant

SDS 2 – Knickerbockers 5
SDS 2 hat nei it winterskot de smaak te pakken en pakte alwer de tredde oerwinning op rige. SDS 2 moast wat spilers ôfstean oan SDS 1, mar dat liket net folle út te meitsjen. SDS kaam foar troch in goal fan Hendrik de Jong, mar gie mei 1-1 de rêst yn. Nei in kertier yn de twadde helte foel Sjoerd Rispens yn en makke lyk de 2-1. TKB gie op syk nei de lykmakker, mar it wie Anne Stenekes dy ’t der út in penalty 3-1 fan makke.

Scharnegoutum 2- SDS 3     2-2
Meast ferfelende wie dat Eddy Visser nei lang blessure lijen no wer útfoel mei in ferfelende blessure. Moai wie it dat der twa doelpuntenmakkers wiene dit net sa faak skoare. Remon Mameau en Stefan van Krimpen. Dizze lêste stiet op de reservelist, traint nea en hie nei de tiid de ein yn de é bek, in krampen yn beide kûten.

ONS BOOS 5 – SDS Bliid 4     2-3
De earste oerwinning fan SDS 4 yn dit seizoen. Trije doelpunten fan (Hat)Rick Hendriks

Sleat 3 – SDS 5     0-1
De Whatsapp korrespondint lit ús witte dat se de spannende topper mei 0-1 wûn. Pracht doelpunt fan Christian wie foldwaande foar de trije wichtige punten.

Heerenveense Boys A2 – SDS A1
De A1 moest gister tegen Heerenveense Boys A2, een echte topper, wij nog 0 verliespunten, HB 6 verlies punten.
Bij winst maak je dan een mooie slag….
De coach had “een raar gevoel” na de wedstrijd van vorige week, slecht voetbal, maar toch “relatief makkelijke winst”.
Er zat veel spanning op, van beide kanten, en het leek een bloedeloze 0-0 met rust te worden, maar dat pakte anders uit.
In de 40 min werd Lourens onderuit gehaald en de goed fluitende, en door Friso begeleide scheidsrechter, gaf een strafschop.
Wiebe voelde zich goed en eiste hem op, 0-1.
In de 42e min een super actie van Lourens, waarna hij strak voorzette, en Pieter de V tikte de 0-2 binnen.
Dan ga je rustig de rust in, 0-2 voor in de topper, maar niets is minder waar, in de 44e min liepen de HBoys spelers recht door het midden, dwars door onze verdediging en Bouke was kansloos, 1-2.
Dompertje, maar nog niks aan de hand.
De 2e helft was nog geen 2 min bezig, een blunder in onze achterhoede, 2-2.
HBoys had goed in de gaten dat het bij ons niet ging zoals bedoeld, niets lukte, passes over 3 m kwamen niet aan, lopen met de bal, slap ingrijpen, niet resoluut, kortom, we voetbalden niet goed, de inzet leek er wel, maar het ging gewoon niet.
In de 3e min viel ook nog de 3-2, en in trainerstaal houdt dat in, dat je in 5 min de hele wedstrijd weggeeft en alles totaal de andere kant op kantelde.
Tot overmaat van ramp viel in de 15e min ook nog de 4-2, maar je zag dat we niet opgaven, en er best nog wel in geloofden.
Alleen zat het er niet in vandaag, misschien de druk van de topper, maar aan de inzet lag het niet.
In de 43e min knalde Jelle met een geweldig schot de 4-3 onhoudbaar binnen.
In de slotfase had Lourens de gelijkmaker op zijn schoen, iedereen telde hem al, maar helaas vloog de bal in het zijnet.
Mannen, ik weet dat we veel beter kunnen, en dat het er absoluut in zit, de inzet op de training is goed, de mentaliteit is goed, er wordt niet op elkaar gescholden na deze teleurstelling, allemaal pluspunten waar we mee verder komen.
Volgende week thuis zetten we deze domper weer recht.
Vol goede moed de laatste wedstrijden tegemoet, ik heb er alle vertrouwen in.
Langs deze weg, namens de hele ploeg, heeeeeeel veel beterschap voor Pieter Sietsma.
Boudewijn.

SDS D2 – Leeuwarder Zwaluwen D3
De earste wedstryd fan de foarjierskompetysje moasten we spylje tsjin de Sweltsjes ut Ljouwert. De hiele winter hiene de manen fan SDS troch traint op it kunstgers yn Snit en se hiene it kampioenskip yn ‘e seal behelle. Dertroch wiene de ferwachtins by de coaches heech.
Fanof de oftrap joech SDS gelyk fol gas. Foar it winterskoft ferlearen we noch wolris de duels op fysieke kreft. No wiene wy fysiek de sterkste ploech, mar ek fuotbaljend. De fertsjinne  1-0 waard makke troch Stan. Hy makke ek de 2-0. Tjerk, die hiel sterk spyle, makke foar rest ek noch de 3-0. Dit wie ek de reststan, al hiene der noch wol in pear goals bykinnen foar SDS.
Mar 3-0 mei rest, je soene sizze, neat oan de han en de wedstryd gewoan utspylje.
It begjin fan ‘e twadde helte wie noch goed fan us kant, mar geandewei waard it slapper en der kamen in pear lytse kanskes foar de mannen ut Ljouwert. Healwei de twadde helte makken se de 3-1. Noch neat oan de han, mar de mannen fan SDS wiene it samar hielendal kwyt. Der waard gjin bal mear goed rekke en it wachtsjen wie op de 3-2. We stiene swier under druk, mar gelokkich waard de oanslutingstreffer net makke. Ut in kounter wie it oan de oare kant wol raak. Stan makke op wunderbaarlike wize de 4-1. It slotakkoord wie ek foar us; Jurjen krulde krekt foar tiid de bal yn ‘e goal, 5-1. Dit wie ek de einstan. Op basis fan de earste helte en in stikje fan de twadde helte in fertsjinne oerwinning. Mar wat ha we in grut stik fan de twadde helte swier under druk stien. Al mei al in prima start mei trije punten yn ‘e buse. Nye wike spylje we wer tsjin in ploech ut Ljouwert, nl. FVC.
Der gean we wer foar de trije punten.
Theo

Hardegarijp D3 – SDS D3
SDS D3 gie fol op de oanfal op syk nei de earste oerwinning fan it seizoen. Oanfal op oanfal, mar de bal woe der net yn. Ien kounter soarge lyk foar de 1-0 foar Hardegarijp. Yn de twadde helte itselde ferhaal en makken de Hurdegrypsters sels de 2-0. 10 minuten foar tiid makke Kevin dochs de 2-1 en efkes letter makke Tom makke der sels noch 2-2 fan. Al mei al sa dochs noch in soad bliere gesichten. 

Easterlittens F1 – SDS F2 5 – 2
 
De earste wedstriid koe F2 spitigergenoch lang net winne.  Yn de earste helte noch in bytsje gelyk op, 1-0. It spul wie faaks foar de noas fan keeper Jochem, die mei in pear knappe reddingen bêst wurk ferrjochte. Yn de twadde helte counterde Easterlittens SDS oan alle kanten foarby. De jongens woene sa graach de efterstân goed meitsje dat der tefolle romte efter de ferdediging kamm te lizzen. Wol hâlden se it fjild goed breed, mei wat better oerspyljen moat hjir mear út te heljen wêze. Easterlittens rûn út nei 4-0. Doe makke Sybo út in corner 4-1 en efkes letter Stef 4-2, mar ien fan Easterlittens gong der noch in kear mei de bal fan troch en skoarde 5-2.

Scharnegoutum’70 F4 – SDS F4
In nij team, nije kansen: F4 hat fan ‘e moarn harren earste wedstriid spyle en wûn mei 8-1 tsjin Skjirnegoutum! Wat in toppers! 
Yn de earste helte wie it in pear minuten wenne en doe gong it hinne. D’r waard al flink scoort! Mei rêst stie de stân al op 6-1. Yn de twadde helte joech Skjirnegoutum wat mear tsjingas en waard d’r noch twa kear scoort. Stern Kok, Yke Gaastra, Niels Terpstra en Bartele Bouma wienen de goaltsjedieven. Ek al soenen wy no alle westriiden net mear winne kinne: dizze hawwe wy binnen en it smakket nei mear!
Jimme coach is grutsk op jimme!

Efkes Balje
It begjin is der wer en dat ha de spieren witten. Der koe mar gjin ein fûn wurde omdat it begryp winnend doelpunt troch kreas toanielspul fan in Hinnaarder mar foaral fan in Itenser oars útlein waard as de algemiene fuotbalwetten. Mar sûnt se yn de 4 doarpen twa Oscars wûn hawwe binne de Wommelsers en Eastereinders mar figuranten wurden bij it Efkes Baljen. Se meie noch meidwaan mar de resjy…..
At oare wike ek de oare 5 wer efkes komme dan kin it noch leuker wurde. Debutanten binne fansels ek wolkom.
(AH)