Ut- en ferslaggen 29-11

Weppers freed 28-11
27 november 2014
Weppers snein 30-11
29 november 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen e-n skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

08:45 SDS D1 Leovardia D3  13-0
09:00 SDS C1 Zeerobben C2  1-7
10:00 SDS E4 SC Bolsward E5  1-6
ONS E2 SDS E1  3-4
10:30 SDS B1 GAVC B1  1-1
11:00 SDS B2 SWZ Boso Sneek B5  1-10
12:15 SDS A1 Lee. Zwaluwen A1  7-1
12:30 SDS 4 CVO 1  4-0
14:30 SDS 1 Bant 1  1-0
14:30 SDS 2 CVVO 2  2-2
08:45 Zeerobben F4 SDS F2  2-2
09:00 Minnertsga F1 SDS F1  6-3
09:00 Frisia C6 SDS C2  5-2
10:45 Leovardia D4 SDS D2  2-5
09:00 Leovardia D5 SDS D3  4-1
09:00 ScharnegoutumE2   SDS E5  11-1
10:00 Annaparochie  E2 SDS E2  1-1
10:00 Woudsend E1 SDS E3  5-1
12:15 Franeker SC VR2 SDS VR2  4-0
14:30 Oudehaske 4 SDS 5  1-2
14:30 Dronrijp VR2 SDS VR1  g.n.t.

SDS 1 – Bant 1
Fuort nei it skoft fan dizze wedstriid wie de meast hearde kreet oan de kant: “mar gau 2-0 meitsje, dan…….”
Ja dan wiene der miskien wol in soad wer nei de waarmte fan de kantine gien om dêr fan efter it rút it ferfolch mei in skean each te sjen. Mar SDS en Bant holden de spanning der yn yn dizze matige wedstriid en sa waarden de taskôgers feroardiele ta bûtenbliuwe en de spanning mei belibje. SDS, sûnder 4 reguliere basisspilers, wie it minst matich, sij hiene mear balbesit en ek de bettere oanfallen. Jelmer Posthumus koe faak genôch syn man  foarbij komme, mar syn aksjes krigen foar it doel gjin ferfolch. Dat SDS wol skoarde hie te meitsjen mei in frije traap fan Tjipke Klaas Okkema, dy’t net ûnhâldber like, mar it wol skynde te wêzen. De “gelokstreffer” bleau ek de twadde helte op it boerd stean. Mei al dy korners dy’t SDS krige waard neat dien, omdat se allegear tekoart wiene mar miskien is dat ek wol ôfsprutsen yn it taktysk plan. Doelman Jaap Toering stie te fernikkeljen yn de twadde helte en mocht yn it lêst  ien kear hanneljend optrede. Doe’t skiedsrjochter van der Leur der mei de fluit in ein oanmakke en de brûs en in bierke alles wer op temperatuur brocht hie, koe SDS konstateare dat sij fan plak 6 nei plak 2 stegen wiene en dat Bant djipper yn de soargen kommen is troch puntenskoarjende konkurrinten. En dat allegear troch ien sa’n “lullich” doelpuntsje.
Nije wike nei QVC yn Starum en oer twa wike komt Tonego lâns. 
(ah)

SDS 2 – CVVO 2 2-2
SDS 2 hat sneon thús mei 2-2 lykspile tsjin CVVO 2. Yn de earste helte kaam CVVO foar troch in goal út in penalty. Doe ’t it krekt nei de rêst ek noch 2-0 waard foar de Lemsters like de wedstryd spile. Mooglik krige SDS 2 ynspiraasje fan de nije trainer Piet Roersma dy ’t de wedstryd as supporter seach, want Pieter Kamstra skoorde út in penalty de 2-1 en it waard troch him sels ek noch 2-2. Dêrnei koe de wedstryd alle kanten op, mar bleaun it 2-2.

SDS 4- CVO 1
It earste alvetal fan Froubuert koe net op tsjin SDS 4. Doelpunten wiene der fan Peter Sijbesma, Jeroen Wagenaar en Harm Auke Dijkstra, dy’t troch de goeie prestaasjes fan PSV en Cambuur goed yn syn fel sit en dêr troch twa kear skoarde en as beleaning de draaiend rêd kaartsjes mocht ferkeapje en in gisel oan it draaiapparaat mocht jaan, sadat Gida it nûmer omroppe koe.

Oudehaske 4 – SDS 5    1-2
Op it keunstgers fan Aldehaske, wêr’t hast elkenien fan SDS 5 wol goed út de fuottten koe  (bij Thomas van der Meer wie it wat minder), sette SDS in goeie wedstriid del. Oudehaske stie wol twa punten boppe harren en in wedstriid minder, mar de mannen fan spiler/ferslachjouwer Bram van Beem, dy’t yn de earste helte mei in kopbal ticht bij in doelpunt wie, binne goed yn foarm. It wie al wer Remon Rameau dy’t it earste doelpunt skoarde. De mannen fan it doarp mei de baarch yn de beam kamen troch in strafskop noch wol op 1-1 mar foar it skoft bepaalde dyselde Remon Rameau de einstân (2-1) nei in foarset fan Ruun. De twadde helte besocht Oudehaske it wol mar troch goed tsjinspul fan SDS 5 kamen se amper ta oan it kreearjen fan in goeie oanfal. SDS 5 sjocht mei grut fertrouen út nei de folgende wedstriid.

SDS A1 – Leeuwarder Zwaluwen A1
De A’s moesten gisteren tegen Leeuwarder Zwaluwen, opnieuw een pittig potje, immers, de gasten staan bovenaan, winnen alles vrij eenvoudig, en scoren er vaak lustig op los. Slecht 1 verlies partij, en dat kwam door een “off day” volgens hun leider.
Dus de opdracht was  ; zeer defensief spelen, proberen zo compact mogelijk  te voetballen, de linies goed op elkaar en de tegenstander opvangen vanaf de middenlijn, met onze snelle buitenspelers dan, als het mogelijk is, de aanval zoeken.
Dat slaagde de eerste helft niet helemaal, al was de intentie er wel, Leeuw.zwaluwen was gewoon beter, niks mis mee, dat is nou eenmaal zo. Toch kregen we ook kleine kansjes, en met een beetje geluk…..
Dan moet dus wel strijd er tegenover stellen en de schade beperkt houden.
Dat slaagde de 1e helft niet helemaal, en zo stonden we met rust 1-6 achter. Overigens was onze goal weer een fijne vrije trap van Pieter S.
De tweede helft, na een paar kleine wijzigingen en de opdracht om toch vooral niet op te geven en ons weer te laten “afslachten” en de linies nog korter op elkaar laten spelen, was aanzienlijk beter.
Volop strijd, vechten voor elkaar en strijden voor elke meter.
Onze tegenstander scoorde nog maar 1 x, zodat we 1-7 verloren, maar in de 2e helft hebben we toch enkele goede dingen gezien, strijd en passie, inzet, soms goede “voetballende” oplossingen, kortom, dingen om op door te borduren….
Volgende week weer nieuwe kansen.
 
Boudewijn.

Sds B1 – Gavc B1
De wedstrijd tussen de twee concurrenten sds en gavc barste om half 11 los. De eerste helft was van beide kanten wat vlak en er werden niet heel veel kansen gecreërd, toch scoorde gavc uit een counter. De tweede helft daarin tegen was veel leuker!  Beide teams gingen veel feller de kleedkamer uit. En er werden veel meer kansen gecreërd. Toch was sds iets scherper en creërde meer kansen dan gavc. De 1-1 kwam dan ook niet totaal onverwacht, de bal werd naar het centrum gespeeld naar mij en ik schoot de bal binnen vanaf randje 16. Na die goal kon het weer alle kanten uit, maar het was echt een typische 1-1 wedstrijd. En daar bleef het dus ook bij. Wel scoorde gavc nog maar die goal werd afgekeurd.
Wesley v/d Wint

Scharnegoutum E2 – SDS E5 (11-1)

It wie ferrekte kâld op en om it fjild. Dus elts dy’t yn de trainingbroek spielje woe mocht dat wat my betrof wol dwaan. Hjoed foar it earst in nije spiler yn it fjild en in nije keeper.

Dus it wie allegear efkes ôfwachtsjen hoe’t dat gean soe. Mar nei 1 minuut spieljen stiene wy troch in prachtig skot fan Milan al 1-0 foar. Dernei gie it ferrekte moai gelyk op. Sawol SDS as Skearnegoutum spielen sterk en beiden wiene gefaarlik foar de goal. Wy hiene gjing wiksels yn de efterhoede. Pieter en Niels krigen de opdracht om de boel goed ticht te hâlden. En dat diene sy goed. Ek de dames fan E5 stiene sterk te spieljen en giene de duels mei de grutte jongens fan Skearnegoutum net út de wei. Toch wie it Skearnegoutum dy’t de goals makke en SDS net. Ja, ien kear makken wy nog in goal mar dy waard ôfkeurd omdat folgens de skeids de bal net oer de lijn wie. Us spilers wiene wis fan wol, mar oké, skeids beslist! 4-1 efterstân de rêst ien.

De twadde helte wie iets minder en Skearnegoutum pakte syn kânsen en makke al gau de 5, 6 en 7 – 1. Ja, dan kin je nog sa je bêst dwaan en kânsen kreëre. Mar as ús spitsen de klus net ôfmeitsje en dy fan Skearnegoutum wol dan sakket de moed je as middenfjilder en efterhoede wol yn ‘e skuon. Logisch dat ús kanon Pieter dan ek wolris tocht: Wist wat! Ik slalom fan efter nei foaren en sjit dan sels mar ris op de goal. Helaas kaam dêr ek net in doelpunt út, mar ik begryp syn aktie wol! Hjoed ek de spilers dy’t minder ynset sjenlitte es wat faker wiksele mei spilers dy’t wol foar in oerwinning gean. Wit net as it oerkomt, mar dat sil de tiid leare. Hoe dan ek, 1 keunstgêrseuro fertsjinne. Mar goed dat de tsjindoelpunten net as debet telle. 

Herman

Efkes Balje
Om mei van Gaal te sprekken: I fall  like with the door in the house: “Ik haw ferlern mei it Efkes Baljen”. Dat net tsjinsteande myn 6 hiele goeie ploechgenoaten. Ik stel se graach oan jim foar, sadat jim begripe dat it net om harren lizze kin. Om te begjinnen Tjerk van der Pol. Hij hie oerdei alles ferlern wat er ferlieze koe mei Fifa  fuotbalspultsjes en mei autoresen hie hij syn auto yn de prak riden (net ferskere). At er ien jûn winne woe dan wie hij it wol.
Johan Heerma, soe dy twaenheale kilometer (2500 meter) mei de auto fan hûs nei it fjild, mar biet op syn toskfleis en gie op de fyts. Mei sa’n warmingup koe it net mis gean, soene je sizze.
Wouter Hylkema, ferline wike 98 % op freed omdat hij sneons de Slachterin drave soe en no wer mear as 100 % at soks mooglik wêze kin. Harrie Kooistra fan Hinnaard, flagger bij D1,  hat altyd wat grimmitigens yn him mei de fokus op winnen, dat sil der ek dizze jûn wer útkomme. liket mij sa ta.
Pieter Veenje, hij makke dizze wike op F(r)ees)boek de útslach bekend fan syn identiteitstest. Sis mij it mar, wa wol der no net mei in Japanske knuffelbeer yn it team.  René Rijpma, al twa kear aktyf op de Skylge fuotbaltoernooi en op Skylge  ferneamd fanwege syn oanslaggen op de latte. Hij is betiid yn training (oplette Hoekstra’s!) en soe no al best yn foarm wêze kinne.
No binne jim fansels benijd hoe’t it dan mooglik is dat dit stjerreteam it net oprêde koe yn de lytse en de grutte partij.
Wie it de kjeld? It fjild? it ljocht? De bal?
Of omdat Theo Postma, Remco Bervoets, Chiel Kampman, Ferrie Korbach, Bertus Procee en Akke Rixt Zijsling  iets gemiener, hurder, taktysker  of gewoan better wiene? Nee, sij hiene gjin lêst fan dy sânde man.
En ta beslút in berjocht fan it medyske front: der binne gjin blaue eagen slein.
ah