Seleksjes 1-10
30 september 2011Weppers snein 2-10
1 oktober 2011Nei ferline wike doarre wij it no wol wer oan om te stellen dat wij der fan útgeane dat der yn dizze 22 wedstriden 30 punten helle wurde.
9:00 | SDS D2 – Franeker SC D5 | 3-4 |
9:00 | SDS E1 – Makkum E1 | 5-4 |
9:00 | SDS E4 – EBC/Delfstrahuizen E3 | 3-1 |
10:10 | SDS F1 – Nijland F1 | 1-2 |
10:10 | SDS F3 – Scharnegoutum’70 F3 | 1-3 |
10:15 | SDS C2 – Jubbega C2 | 12-5 |
11:15 | SDS MC1 – VVI MC1 | 1-4 |
12:00 | SDS B1 – AVV B1G | útsteld |
14:00 | SDS DA1 – Joure SC DA1 | 1-1 |
13:00 | SDS 5 – SSS’68 2 | 3-1 |
15:00 | SDS DA2 – Minnertsga DA1 | ôflast |
9:00 | LSC 1890 D2 – SDS D1 | 5-3 |
9:00 | J Voetbal Bolsward F5M – SDS F4 | 4-1 |
10:10 | Joure SC F5 – SDS F2 | 3-9 |
10:15 | NOK E3G – SDS E5 | 1-4 |
11:00 | Mulier E1 – SDS E2 | 9-1 |
11:30 | Joure SC E9 – SDS E3 | 7-0 |
12:15 | JV Bolsward D4 – SDS D3 | 1-3 |
14:00 | VWC A1 – SDS A1 | 8-1 |
14:00 | Terschelling C1 – SDS C1 | 1-6 |
14:30 | VEV’67 1 – SDS 1 | 2-0 |
14:30 | Oeverzwaluwen 2 – SDS 2 | 0-4 |
14:30 | Rood Geel 2 – SDS 3 | 3-1 |
14:45 | Olde Veste’54 6 – SDS 4 | 1-6 |
VEV’67 1 – SDS 1 2-0
Neffens de ferhalen best knap fuotballe, mar dit levere gjin punten op. Wol inkelde blessures.
Oeverzwaluwen 2 – SDS 2 0-4
Goed begjinne wie it motto en it kaam út. Binnen gjin tiid stie it 0-2. Uteinlik waard it 0-4 troch doelpunten fan Ayanle (3) en Sietze.
Rood-Geel 2 – SDS 3 4-1
De earste helte wie SDS 3 nergens en koe Read-Giel samar 2-0 foarkomme. Nei de rêst gie SDS knap fuotbaljen, makke Willem 2-1 en wienen de Ljouwerters ryp foar de slacht. Spitich genôch kantele de wedstryd hjirnei de oare kant werop en waard it “gewoan” 4-1.
Olde veste 6 – SDS 4 1-6
SDS 4 gie suver ynterprofinsjaal. Oer de provinsjegrinzen hinne (Stienwyk)) hiene se gjin lêst fan plankenkoarts. It waard mar leafst 1-6. Doelpuntenmakkers wiene Andries L ,Gerlof Jan H, Jan M, Eeltsje P en Sytse H (2)
SDS 5 – SSS 2 3-1
Wij soene der fan alles oer skriuwe kinne mar dat dogge wij net. Dat litte wij oer oan Ronny Wagenaar.
SDS Da 1- sc Joure Da 1 1-1
Mei 1 punt wie SDS net ûntefreden hawwe wij begrepen. It doelpunt waard makke troch Sieta. Mar hjir is it ferslach:
Joure op besite, 11 froulju dy’t de fjilden fan SDS net sa goed fyne koene. Se hiene gjin tiid mear om in warming-up te hâlden, gelokkich wie it tige waarm waar hjoed. We starten sterk, seker doe Sieta de bal sêft de goal yn sjitte.. ‘Goed probeare’ woene in soad fan ús al sizze, doe de keepster fan Joure de bal blykbaar net klemfêst hie. De bal rolle de goal yn! Dit siet Joure net lekker, se waarden wat feller yn it spultsje en fanút de mûle. Praatsjes hinne en wer, mar SDS bleaun der boppe. Oant de spits fan Joure ûntsnapte.. 1-1.
Nei in gleske ranja posityf it fjild wer yn. Joure startte dit kear in stik sterker. It bleaun in hurde striid, mar wat ha we fochten! Mentaal en fysyk waarden sommigen sloopt, mar troch de positivisme yn it team.. ha we hearlik balle en binne we seker tevreden mei in puntsje! It sil ek hast net oars; Tarina wie de ienige echte ‘Woman off the match’! De coach fan Joure fûn dat ek ; ‘Dat famke, dames.. har mei jim it hiele jier wol fan gratis drank foar sjen’.
‘It earste.’
SDS C1 hellet punten op de Waddensee
Vandaag speelde C1 met een nautisch tintje en niet alleen vanwege de twee mooie tochten over het wad: Waar immers bij het IFKS-skutsjesilen de ‘Los-boys’ hoge ogen gooien, heeft C1 zo zijn eigen variant hiervan: De Pol-boys! De broers speelden vandaag prima samen, waarbij de combinatie tussen beide de mooiste goal opleverde. Hoewel de score anders doet vermoeden bood Terschelling taai tegenstand. Met degelijk verdedigen, mooie combinaties, werklust en fraaie passes werd het thuisclubbie toch de bietenbrug op gespeeld. Almar 3x, Lourens 3x en de rest die gewoon goed speelde! Grens Boudewijn en keeper Gert-Jan hadden het zwaar in de 2e helft: Slechts één gevaarlijke Terschellinger aanval, hou dan je concentratie maar eens vast! Boudewijn was scherp en de vlag ging dus resoluut omhoog! Klasse! Wat een voorrecht om coach te mogen zijn vandaag: prachtig bootreisje, lekker uurtje krabbenvangen op het strand en dan ook nog de overwinning meenemen. Dat alles samen met een hecht, vrolijk ploegje. Bedankt C1!
SDS E1 – Makkum E1 5-4
Woansdei wie der op it trainen in stimming fan”dat winne wij wol, want Makkum hat noch net wûn.” Underskatting dus. En dat hie raar opbrekke kind. Want de 5-4 docht al fermoeden dat it in spannend potsje wie. Mei de measte en de beste kânsen foar SDS, mar mei sterk meifuotbaljend Makkum.
It skoareferrin jout ek oan dat SDS de boppelizzende partij wie: 1,0, 2-0, 2-1, 2-2, 3-2,4-2,4-3, 5-3, 5-4.
In oantal prachtige oanfallen en doelpunten, wêrfan de twadde fan Sietze Marten de moaiste wie, ek omdat de foarset fan Kent op maat wie.
Pechfûgel wie Hendrik van der Eems: twa kear tsjin de latte en ien kear op de peal.
Trije kear spile, twa kear wûn: it begjint der wat op te lykjen.
Aant
SDS E5 wint earste krachtmjitting mei 4-1.
Foar it earst yn de E’s bliuwt it foarearst noch wat ôftaasten wêr’t jo steane. Mar E5 sjit as in komeet ut de startblokken mei twa dikke oerwinnings.
Sa die ek de tsjinstanner NOK E3 en dus wie it ôfrûne sneon in echte krachtmjitting yn Aldemardum. SDS kaam as oerwinner ut de striid mar dy kaam net maklik ta stân.
It wie in drege wedtsriid dy’t op en del gie en it bleau oppassen foar de skotkracht fan NOK. It wie ek in skot fa ôfstân wertroch wy op efterstan kamen.
Ut in hoekskop kaam SDS wer op 1-1. Eljer skopte de bal yn ien kear yn de goal. Foar de rest kaam SDS ek noch op 2-1 troch in moaie goal fan Ruerd.
Nei in kop thé yn de rêst bleaun de wedstriid lykop gean mar op it ein makke Ruerd nei in moaie foarset fan Sjors 3-1 en doe wie it wol spile. Jorrit makke mei in moai skot der noch 4-1 fan.
De wedstriid hie kondisioneel in protte frege want doe’t de 4-1 foel leine der al twa spilers fan NOK hielendal úttelt op de grûn.
No sjen at wy dizze lijn trochsette kinne tsjin LSC kommende sneon.
Karst