Weppers snein 2-10

Ut- en ferslaggen 1-10
30 september 2011
Weppers moandei 3-10
2 oktober 2011

SDS 1
SDS 1 heeft maandagavond om 19.30 uur trainen.
Dinsdag en donderdag om 20.15 uur.

Oan de sjampanje

SDS 4 wûn juster yn Stienwyk fan Olde Veste. En dat waard fierd mei sjampanje. Sytse Hibma twittere ús dizze alles sizzende foto.

Gelyk?
Durk Klijnsma is ien fan de lieders fan SDS E1. Tidens de wedstriid is hij drok dwaande mei it oanstjoeren fan de mannen. Oanfiterje, komplimintsjes útdiele en goed delsette. Dan is der gjin romte mear om de skoare ek noch bij te hâlden.
Sa wie Durk suver wat teloarsteld nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Makkum E1. Net tefreden mei it gelykspul. Grut wie syn bliidskip en syn ferbazing doe’t de skeids en alle oare taskôgers en spilers seine dat it 5-4 foar SDS
wurden wie. Durk wie efkes de tel kwytrekke.

Aldfeintendei
Hjoed is de âldfeinte en fammendei yn Easterein. Der kin kaarten wurde, mei BH’s smiten wurde en der kin fiske wurde. En dat allegear ûnder it genot fan ien hapke en ien snapke.

Rûnom Easterein
Oant woansdei 5 oktober kinne jim jim opjaan foar it fytsspektakel Rûnom Easterein. Dat wurdt snein 9 oktober holden.

Opmerklik
De KNVB hat in opmerklike útspraak dien nei oanlieding fan in flater fan de skiedsrjochter. Sjoch
hjir

Foto’s


Mocht it hjoed noch reine dan slute wij net út dat ek oare binnenkommen foto’s pleatst wurde. Oars wachtsje wij gewoan op in bui, want dat soe de ienige reden wêze kinne om binne te sitten. Fan E4 krigen wij in foto binnen dy’t de beweeglikheid fan i n diel fan it team aardich oanjout.

Fan herte lokwinske!
Sawol Sjoerd van Beem as syn lytse bruorke Bram wie juster jierdei. Noch fan herte lokwinske!

Harsens derby (577)
Op dizze frije traap is heechstwierskynlik de hiele wike traind (klik hjir).