Krystwepperkes

Wepperkes -sneon-
23 december 2005
Twaddekrystdeiwepperkes
25 december 2005

SDS A1 winsket………
SDS A1 wol Marco, Liesbeth, Klaas en Akke graach tank sizze foar harren krystkaart en harren in noflik krystfeest en in goed 2006 tawinskje! Sy dogge dat troch middel fan dizze kaart(klik
hjir).
P.s. via via hawwe wy fernommen dat Marco syn goeie foarnimmen is dat hy yn 2006 de 2 periode pakke wol en dat Klaas graach better flagje wol (mei nammen it earste kertier:-))
Groetnis A1

VV SDS winsket….

vv SDS winsket eltsenien goede krystdagen
en in lokkich 2006

KF Easterein winsket….


De Krystbijlage
Spesjaal foar de 1e Krystdei hawwe wy in djipte-ynterview hân mei Harm-Auke Dijkstra, de superspits fan SDS 3. Klik
hjir(of sjoch hjirûnder) om te lêzen dat Hampie leaver net nêst in jonge sliept, gek is op syn heit en PSV en noch folle mear.


Âld man
Wy hawwe hjir net safolle mei de krystman. It is in âld sikkeneur, syn herten skite oeral del, hy liket te bot op sinterklaas en hy jout noait antwurd op de brieven dy ’t hy allegear kriget. De reden fan dit lêste is ús no dúdlik wurden(klik
hjir).

Proost!
De krystborrel by SC Heerenveen:
Riemer: we hebben een bod van Ajax.
Verbeek:hoeveel?
Riemer:negen miljoen!
Verbeek: zat!
Riemer:kom je niet in de problemen?
Verbeek:nee!
Riemer:proost!
Verbeek:proost!

Krysttournooi D1
Ôfrûne sneon waard it SDS D1 krysttournooi holden yn de sporthal yn Easterein.
6 ploegen fan 5 of 6 spilers striden om de fette medaljes.

Earste priis winners waarden:
Bart Vink, Sjoerd de Vries, Tarina Veenje, Jan Friso Bruinsma en Martin Rienstra.

Twadde priis winners wiene: Sicco Scheltema, Marcel Veenstra, Sieta Tessemaker, Harm Vink en Tjeerd de Vries