Toppers!

Sneon 23-4-2022
22 april 2022
SDS 1 – SWZ 1 yn byld
24 april 2022

Juster hawwe wy wer guon toppers oan it wurk sjoen by SDS. Wy ljochtsje der in pear út. Mochten jim oanfullingen hawwe dan heare wy it graach!

Jeffrey

Hy keepte al by SDS 3, 4 en 5 en wie juster ree om by SDS 2 te keepen. Hy makke gjin enkele fout, wie de man fan de wedstriid en SDS 2 wûn ek noch mei 2-1. Jeffrey van der Werf is in topper!

Eeltsje en Tom

Sy fuotbalden justermoarn earst by de JO19 en dêrnei by SDS 2. Doe ’t nei de wedstriid fan SDS 2 de lieder fan SDS 3 frege om ek noch efkes by SDS 3 op de bank plak te nimmen wegeren sy dit net en pakten dêr ek noch wat minuten mei. Eeltsje Bootsma en Tom Wijnia binne toppers!

Hendrik

Hendrik floot in foutloze wedstriid by SDS 2 en pakte dêrnei by SDS 1 de flagge wer op. Hendrik Sweering is in topper!

Stijn

Marten Faber rekke freed noch blesseard, dus SDS 3 siet sûnder keeper. Om 13.00 oere waard Stijn Schildkamp by it fuotbalfjild spotten. Hy wie efkes in wike thús út Eastenryk. Doe ’t hy frege waard om om 15.00 oere by SDS 3 te baljen stapte hy lyk yn de auto om syn fuotbaltas op te heljen. Stijn Schildkamp is in topper!

Henk

By eltse thúswedstriid fan SDS 1 sjit Henk prachtige plaatsjes (sjoch hjir). Ek juster wer. Henk Bootsma is in topper!

JO15-2

De mannen fan de JO15-2 hawwe 8 wedstriden fuotballe en noch net ien kear ferlern. Juster wûnen sy mei 6-1 fan Akkrum JO15-2 en bliuwe sa koprinner. Dit binne toppers!

Gerrit

Gerrit kaam juster nei it fuotbaljen muzyk meitsjen en gie noflik bûten stean te spyljen. It iene nei it oare pareltsje skuode der út syn gitaar. Gerrit Poortinga is in topper!

Toppers

En fansels binne alle skiedsrjochters, flaggers, barfroulju en barmanlju, de omropper, de stikjesskriuwers, de ‘fjildreemakkers’ en fuotballers ek toppers!