Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
4 januari 2006
The Battle of the Sexes
6 januari 2006

Drokke jûn
* Jûn is de foarronde Midwintertoernooi yn de sporthal fan Easterein mei SDS 1 tsjin Balk 2, Nok, Hielpen, Oudega en Arum.
* Jûn is der ek in foarronde fan it Midwintertoernooi yn de sporthal yn Koudum mei SDS 2 tsjin û.o. Mulier, QVC en Oeverzwaluwen. Fine je Easterein net fier genôch kinne je altiten noch nei Koudum.
(Sjoch foar it exacte programma fan jûn by de wepperkes fan tongersdei)

Marco en Klaas tekenje ek by
Marco Hoekstra en Klaas de Haan hawwe beide witte litte noch in jier troch te gean as trainer en lieder fan SDS A1. Dit ferlossende mailtsje krigen wy krekt fan Marco;
Webmasters,
Efkes mei it jeugdbestjoer fan S.D.S. sprutsen.
We ha beslúten om noch in jier meiinoar troch te gean.
Oer de ynfulling sille we noch fierder prate. Yn eltst gefal sil ik takom jier A1 traine en begeliede. Tige wiis bin ik mei de tasizzing fan Klaas (lieder) om ek noch in jier troch te gean. Wy Koene fansels net achter bliuwe no´t Marcel ek noch in jier troch giet.
Groetnis,
Marco


Spulrigelkwis
Yn de winterstop is der meast in spulrigelwedstryd foar jeugdleden yn de Sudwesthoeke fan Fryslân. Ferline jier waard SDS twadde. Dat se no foar it earste plak gean is wol dúdlik. Woansdeitejûn wiene se al oan it oefenjen: Geert, Feiko, Bauke, Sybren en Korné binne frijwillich oanwezen.

Drs. Vijfje
Foarich jier hawwe wy der in soad muoite foar dwaan moatten om alle winners fan de foarrondes fan de Midwintercup bekend te krijen. Tegeare mei oare fanatikelingen binne wy der doe al efter kaam. Ian sa ’n fanatikeling hat alfêst wat winners opskarrele. Sy steane op de webside fan Drs. Vijfje(klik
hjir).

Alle lifters werom
It is hast dien mei it liftnijs, want se binne allegear werom yn Wommels. Justerjûn is de Hel-groep yn Wommels oankommen en sij hawwe mei wat freonen en famylje noch in noflike neisit hân yn Jimbar.
 

Jierdei
Anco Elgersma hat ús wer in nije list tastjoerd mei jierdeis fan 2006. Net folle feroare soen je sizze, want meastal bliuwt de jierdeidatum gelyk. Mar Anco hat ek de lieders en trainers safolle taheakke oan it bestân. Sa is der hast alle dagen wol ien jierdei. De kommende wike kinne of koene jim op besite bij:

Futsal 3 Jacob Oostra 04-jan-74 32
1e Remco van Dijk 05-jan-70 36
B1 Tim Houtsma 07-jan-89 17
Leider Jaap Zijlstra 8-jan-61 45
Leider Ab Scheepvaart 8-jan-60 46
B1 Eeltje S.      Postma         13-jan-89 17
F1 Remco Dooper 13-jan-98 8
Oprop Simon Jellema 13-jan-78 28


The Boys are back in town
Lolke en Willem binne werom út Dublin. It liket derop dat sy dochs net folle oan de tarieding takommen binne fan de Kenniskwis. De earen soesje noch fan it tribute-konsert to Phill Lynott(âld-sanger fan Thin Lizzy) wêr ’t sy west binne. En sy binne noch aardich ûnder de yndruk fan it prachtige standbield wat sy sjoen hawwe fan harren grutte favoryt.


Letter mear!