Swarte dei foar senioaren

Programma/útslaggen 5-11
5 november 2005
A’s winne mei 5-2 en 6-4!
5 november 2005

5 novimber 2005: in swarte dei foar de senioaren fan SDS. Fiif  ploegen yn aksje en gjin punten.

SJS 1- SDS 1     4-2
Posityf binne de de twa doelpunten fan SDS. Sy waarden makke troch Hendrik en Feite. Wy ferwachtsje de ploech healwei de nacht werom út dizze fiere kontrijen.

SDS 2 – Urk 3     0-5
De stân is slimmer as it echt wie. SDS 2 die betiden goed mei mar neidat de mooglikheid op 1-1 net benut waard en yndividuele flaters foar master begûnen op te slaan wie it samar 0-5.

Makkum 2 – SDS 3    7-1
Foar de ploech dy’t graach meidwaan wol yn dizze klasse in teloarstelling. Mar de 7-1 wie net flatteard. It foel dus mei.  Wichard makke it ienige doelpunt.

Oeverzwaluwen 3 – SDS 4
De koprinner yn dizze klasse makke gjin flaters. Sy wiene in klasse better. Mar SDS hâldt goed stân oan 1 minút foar it skoft. Nei de thee waard it 2-0 en krekt foar de ein 3-0. Jaap Boekholt wie geweldich op dreef.

Oeverzwaluwen 4 – SDS 5
Bij it skoft wie it al 4-0. Nei de thee kaam SDS better yn de wedstryd. Oeverzwaluwen skoorde mar 3 kear en SDS wol 2 kear. Doelpunten makkers: Gearard en…………