Stân SDS EK-League 16 juny
16 juni 2021Stân SDS EK-League 18 juny
18 juni 2021Anne-Jan Hallema begie de dei juster goed as koprinner en hie ek noch lyk de útslach fan Ruslân – Finlân goed. Hy eindige de dei úteinlik ek goed troch fierder te gean as ienige koprinner fan de SDS EK-League.
Klaas-Bouke Faber en Robert Terpstra folgje op 5 punten ôfstân.
It wie net in grutte ferrassing dat Ruslân fan Finlân wûn. Der wienen mar 5 dy ’t Finlân op winst hienen en in stik of 9 gokten op in lykspul. De rest hie allegear Ruslân op winst.
Der wienen net folle lju dy ’t ferwachten dat Wales fan Turkije winne soe. Mar 7 hienen dit goed. Yn huize Wijnia koe de wille foar Tom net op doe ’t Wales lang op 1-0 stie. Uteinlik gie it dak derôf foar bruorke Pieter doe ’t de 2-0 foel……. Hy hat as ienige dizze wedstriid hielendal goed foarspeld.
11 lju hienen Itaalje – Switserlân op in lykspul en de rest hie allegear Itaalje op winst. Jurjen Eringa en Klaas Bouke Faber wienen de ienigen dy ’t 3-0 foarsein hienen. Tom Wijnia gie foar de 2-0 en luts yn de lêste minuten op ‘e nij oan it koartste ein…..
Sjoerd van Beem(sterkaas) liket wol nocht te hawwen oan de poedelpriis fan 5 kilo Skylger tsiis en nesteld him wer noflik as nûmer lêst.
| 1 | Anne Jan Hallema | Wommels | 70 |
| 2 | Klaas-Bouke Faber | Wommels | 65 |
| 3 | Robert Terpstra | Skylge | 65 |
| 4 | Herresbackie! (Wiebe Heeres) | Wommels | 60 |
| 5 | Willem Wijnia | Wommels | 60 |
| 6 | Hendrik de Jong | Wommels | 60 |
| 7 | Jurjen Eringa | Rien | 60 |
| 8 | Jan en Simon van der Vaart | Spannum | 60 |
| 9 | Jelmer Posthumus | Wommels | 60 |
| 10 | Rick Hendriks | Easterein | 55 |
| 11 | Schilder- en klussenbedrijf Erik Haitsma | Wommels | 55 |
| 12 | Brent Overal | Easterein | 55 |
| 13 | Sybrecht Overal/pake Willem Twijnstra | Easterein | 55 |
| 14 | Marc Hoekstra – Hoekieboys 1 | Easterein | 55 |
| 15 | Mark Klijnsma | Wommels | 55 |
| 16 | Ate Feike de Boer | Wommels | 50 |
| 17 | Jort Elferink | Skylge | 50 |
| 18 | Pieter Wijnia | Wommels | 50 |
| 19 | Johan Delfsma | Wommels | 50 |
| 20 | Eeltje Postma | Wommels | 50 |
| 21 | Okke van der Kamp | Aldegea SWF | 45 |
| 22 | Bas Postma | Skylge | 45 |
| 23 | Frans-Pyter Terpstra | Wommels | 45 |
| 24 | Grietzen Broersma | Leeuwarden | 45 |
| 25 | Jildert van der Werf | Wommels | 45 |
| 26 | Robert Hoekstra – Hoekieboys 2 | Easterein | 45 |
| 27 | Bas van der Weij | Easterein | 45 |
| 28 | Dirk en Mika | Easterein | 45 |
| 29 | Aant Hofstra | Wommels | 40 |
| 30 | Seriette Strikwerda | Spannum | 40 |
| 31 | Hendrik Engbrenghof | Wommels | 40 |
| 32 | Pieter Kamstra | Easterein | 40 |
| 33 | Margit Cnossen | Spannum | 40 |
| 34 | Samme Overal | Skylge | 40 |
| 35 | Tom Wijnia | Wommels | 40 |
| 36 | Pieter Sijtsma | Wommels | 40 |
| 37 | Sjoerd de Boer | Wommels | 40 |
| 38 | Jesse van der Weide | Wommels | 40 |
| 39 | Jaap Toering | Wommels | 40 |
| 40 | Er gaat niets boven Polen! (Hendrik Eringa) | Spannum | 35 |
| 41 | Bote Strikwerda | Wommels | 35 |
| 42 | Jelle Wiersma | Wommels | 35 |
| 43 | Anne Stenekes | Wommels | 35 |
| 44 | Lolke Hofstra | Wommels | 35 |
| 45 | Larson Hek | Skylge | 35 |
| 46 | Douwe Posthuma | Snits | 35 |
| 47 | Auke Eringa | Wommels | 35 |
| 48 | Hessel Hek | Skylge | 30 |
| 49 | Lieuwe-Jan Yntema | Swol | 30 |
| 50 | Jelte-Pieter Dijkstra | Wommels | 30 |
| 51 | Trienus de Jong | Wommels | 30 |
| 52 | Appie Posthumus | Wommels | 25 |
| 53 | Hessel Yntema | Jellum | 25 |
| 54 | Sjoerd van Beem | Wommels | 15 |



