Spikers SDS-partoer bliuwe leech.

Easterein komt mei foarseleksje
23 juni 2007
Wepperkes -moandei-
25 juni 2007

Juster soe it “SDS-partoer” fan Jaap Toering, Tsjalling Sikma en Skelte Anema wol efkes in krâns meinimme út Bitgum. De spikers sieten al yn de muorre, mar bleaunen dus leech. Hjir it ferslach fan Jaap, Tsjalling en Skelte:

Sneon 23 juni 2007
Fannemoarn ier en betiid op stien. Jûns fan te foarren betiid op bêd fansels. Want der stie hjoed in hiel wichtige partij op it program. Yn Bitgum waard de pretisjeuse “Adam Joostema partij” ferkeatst. De hinnereis ferrûn net hielendal sûnder tsjinslagen. Doe’t Jaap Mantgum binnen fytste, krekt foar Klaversma, reinden de strjitklinkers út’e dyk. Dit resultearre yn in wiet pak. Dêrnei binne Jaap en Skelte op’e trein nei Ljouwert stapt, wêr’t  taksi Sikma foar harren klear stie. Doe op wei nei Bitgum. Lokkigernôch wist Tsjalling in sluiprûte rjochting it Bitgumer keatsfjild sadat we de masaal tastreamde supporters ûntrinne koenen. Doe’t we by it fjild oankamen, ha we earst in bakje skoart. Ûnder it genot fan dit bakje koenen wy moai ús tsjinstanders obserfeare. In soad sissy’s en pussy’s seachen wy wol. Dit koe noait in drege klus wurde. De krânsen hienen we yn gedachten al om’e nekke hingjen. Tiid om ús om te klaaien. Allegearre itselde wyt mei swarte pakje oan. Tsjalling synes wie net strutsen en dy fan Jaap wie smoarch. Op dy fan Skelte siet in kwakje. Doe wie it tiid foar de warming-up. Trij rûntsjes om it fjild, 25 push-ups, 30 sit-ups, en de polsen losskodzje. en Tsjalling it skouder. Op dat stuit hearden wy de omropper omroppen dat we ús ree hâlde koenen. Doe bin we alletrije efkes ta us self keart. In bytsje wedstriidspanning opboue. En dêrnei koenen wy goed foarbereid oan de partij begjinne. Ús tsjinstanners wienen Hielke Miedema-Drijfhout, Pier út Firdgum en hun achterynse. Nei in ûnbegripelike 2-0 achterstân koenen wy ús herpakke oant 2-2. En doe wie de bear los. We pakten yn dat kommende earst in 6-2 foarsprong. Kat-in-het-bakje soenen je sizze. Mar neat wie minder wier. Foar de twadde kear dizze dei wienen de waargoden ús net goed sint. Achter yn it perk begûn it te reinen. En dêr makken ús tsjinstanders tankber gebrûk fan. Se pakten it earst op 6-6. Dêrnei wienen wy wat fan ús aprés-po, heielendal doe’t ien fan harren kwyt wie. Hielke Miedema alias driuwplank wie nearne te finen. Mar hy wie al oan bar om op te slaan en de keats te ferdiedigjen. Mar doe’t Skelte en Tsjalling yn it perk oan it sykjen wienen seach de attente Jaap út syn eachhoeken de Menaemer oanstowen kommen. “Tink’r om! Hy komt dêr wei” En inderdaad, út in  úthoeke fan it fjild begûn dizze, ietwat mollige hampelman, mei syn oanrin. Dit skynt tsjintwurdich samar te meien. Mar fan dizze nije regel wienen wy noch net sa op de hichte. Doe’t we bykamen fan dizze nije ûntdekking yn de keatssport stoenen wy alwer mei 5-2 efter. Ek it lêste earst koenen wy net hâlde en we gongen der sneu ôf. Nei in pear jier ôfwêzichheid op de fryske keatsfjilden is it net maklik om samar wer oan te heakjen. Der binne yn dizze koarte tiid safolle dingen feroare dat je net yn ien kear wer mei de top meidwaan kinne. Jammer foar ús mar sa lizze de feiten. Nei in kâlde does en in net te deien bakje sop binne we wer op hûs oansetten, en dêr sit we no noch. Nije wike sille we it op’e nij besykje, jo hearre fan ús.
 
Jaap,
Tsjalling,
Skelte.