Sneon 8 oktober

Reaksje SDS-bestjoer oangeande mooglike skealikens rubberen keunstgerskorrels
7 oktober 2016
Meinte Sixma-toernoai 2016
9 oktober 2016

It programma fan sneon kinne jim hjir sjen.  Ek de útslaggen fan de spile wedstriden kinne jim dêr yn de rin fan de dei en moarn fine. Binne der wedstriidferslagen, dan komme dy ek hjir. Mei oare wurden: alles wat mei de wedstriden op sneon  (en in bytsje op freed) te meitsjen hat, komt op dizze bledside.

SDS 1 – QVC 1 

It wie net in leuke wedstriid om nei te sjen. It net leuke siet yn it seuren op de skeids, it oer en wer seuren en it hurde spul fan beide kanten. Earste helte net folle kânsen. In strafskop brocht de 1-0 op it boerd. Jelmer Posthumus skoarde. Yn de twadde helte in noch feller QVC en dêr wist SDS net goed rie mei. De 1-1 wie op dat momint gjin ferrassende stân. Dêrnei noch kânsen oan beide kanten, mar gjin doelpunten. QVC leit SDS al jierren net en dat wie no net oars.
sds-1-qvc-1-8-10-2016-1 sds-1-qvc-1-8-10-2016-10sds-1-qvc-1-8-10-2016-11
De foto’s binne makke troch Henk Bootsma.

QVC 2 – SDS 2

Uit naar QVC 2, altijd lastig.
Zeker als de “motors” op het middenveld er beide niet bij zijn.
We starten goed en scherp, QVC hanteert alleen de lange bal, doorkoppen en hopen op “een bevlieging” van hun spits. Eij proberen te combineren, maar de fysieke kracht van de tegenstanders maakt dat bijna onmogelijk.
Al in de 4e min scoort Tjeerd prima uit een even zo goede voorzet van Wietse.
In de 28e min scoort Dirk de 0-2 na een goede individuele aktie.
QVC doet niks anders dan ons, net binnen de regels,  het voetbal onmogelijk maken.
Het blijft lang 0-2, totdat QVC in de 68e min een penalty krijgt en benut.
Dan worden het nog 20 angstige minuten, maar op karakter en zeer hard werken door de hele ploeg slepen we de overwinning, overigens compleet terecht, eruit.
Al met al een zeer mooie dag, 2 van de 3 concurenten verloren punten. Volgende week uit naar Witmarsum.

SDS VR1 -FFS VR1

Vr1 is noch mar 7 minuten bezich, 7 minuten ha we fuotballe op hun helte as de bal foar it doel yn alle drokte beland. It is Amarins dy’t de bal ut de drokte wit te krijen en in it goal sjitte kin. VR1 fuotbalt goed, is vaak de balbesittende partij en kin hun eigen spul spylje. Der komme nog moaie kansen van Tjitske en Akke Rixt maar dizze leverje helaas niks op. Nei een heal oerke spieljen is FFS foar it earst gefaarlijk mei een skot die op de latte beland, mazzeltje foar SDS.

Flak dernei krijt Sieta een prachtige pass van Akke Rixt wernei’t  Sieta de keeper utspielet en de 2-0 makket. In de 40e minuut krije wij een frije trap. Akke Rixt sjit deze hele beheerst richting Tjitske wernei Tjitske de bal hiel netjes in de rjochterûnderhoeke sjitte kin. Mei een 3-0 foarsprong geane wij dan ek mei een goed gefoel de rust in. Us doel is hjoed om ek de twadde helte te spieljen sa as we de eerste helte spiele ha en dus net ferslappe.

De 2e helft begjinne we gelokkich wer sa as we de eerste helte eindige binne, leuk voetbal maar FFS set wol meer druk. Toch krije wij noch wol een oantal kansen. Alize docht wat se dwaan moat, alles tsjin halde en de 0 halde. In de 75e minuut makket Sieta een supergoal, Amarins leit de bal werom op de 16 wernei’t Sieta dizze perfect in de kruising sjit. Een minuut letter krijt Amarins de bal fia een voorzet van Tsjitske, Amarins prikt de bal mei binnenkant foet yn de rjochterboppehoeke 5-0!

We spielen hjoed mei een oare opstelling as oars. Christa spiele mei yn de verdediging en Alissa stûn linksfoar. Petje af dames! Lysanne spiele hjoed een super goede wedstriid op de rjochtsachter. Een snelle technische spylster dy’t troch Lysanne gjin romte krige, super spile Lysanne!

SDS JO15-1 – SC Boalsert JO15-1    :   3 – 2

Forige wike slap begongen en mei dertroch in grutte ofstraffing krygen. Dit soe us gjin twadde kear gebeure fansels. Foar de wedstriid dus de mannen goed ferteld dat se skerp begjinne moasten. Mar dat skynt wol dreech te wezen want yn minder dan fiif minuten steane we alwer mei 1 – 0 efter. It fuotbal is net goed en mei nammen efterien in soad unrest. We krije wol kansen, mar it wurd healwei de earste helte ek noch 0 – 2. En dan wurd it dus wer in ynhelrace. Under oanfiering fan de sterk spyljende Tjitse komme we better yn de wedstriid. Duels wurde wun en it is wachtsjen op de oanslutingstreffer. En die treffer komt noch yn de earste helte. In moaie pass fan Michael wurd troch Stan oppikt en goed ynsjitten. De twadde helte beginne we wol skerp. SDS is no de boppelizzende partij, mar de grinsrjochter fan Boalsert en de net al te best fluitende skiedsrjochter (KNVB) wurken us op dat momint tsjin. In oantal diskutabele beslissingen fan de skiesrjochter, it like wol at us grinsrochter der stie foar Jan mei de koarte efternamme. Mar we bliuwden der yn leauwen. In snel nommen frye traap fan Tjitse, wurde troch Eeltsje slim ferlingd op Stan. Stan wist hjir wol rie mei en skeat de lykmakker tsjin de touwen.     Mar we halde net fan efterut fuotbalje en wolle mear. Dan skriuwe we de 15e minut fan de twadde helte. Tjitse kriget de bal oanspyle op de 16 meter, draait fuort by syn tsjinstander en krult de bal fantastisch yn de linker krusing. Grutte untlading fansels, mar no is it saak om dit fest te halden en de oerwinning oer de streep te luken. Dit slagge, al koste it wol bloed (Wiltsje), swit (allegeare) en treannen (coaches/supporters). We kinne dus moai wer trije punten byskriuwe, dizze punten ha we hurd nedich nei de bysundere beslissing in pear wike lyn fan us keninklike fuotbalbun (koekkoek). Tige grutsk wer op de mannen, se ha wer in beste teamprestaasje delsetten, mei nammen de twadde helte. At we no ek nochris goed en skerp begjinne.  Nei de wedstriid moast fansels noch wol efkes it wedstriidformulier ynfult en ferstjoerd wurde. Ek hjir hie de skiedsrjochter (KNVB) de nediche moeite mei. Fan us ald foarsitter krigen Ferry en ik noch in colaatje mei smaakje oanbean en die smakke us poerbest !!!!!            It neigenietsjen wie begongen en dit sil noch wol in pear dagen duorje. Net te lang fansels want nye wike wer in dreech potsje, ut tsjin de Friesche Voetbal Combinatie JO15-1(FVC) ut Ljouwert.

SDS MO15-2 – DTD MO15-1

In de eerste helft waren de meiden van SDS nog niet echt wakker en voordat ze het goed en wel doorhadden, scoorde DTD twee keer. Nog waren de meiden niet scherp en DTD maakte daar dankbaar gebruik van: nog twee goals. Gelukkig ging er bij DTD ook wat mis en door een eigen goal van DTD gingen de meiden van SDS met 1-4 de rust in.

Tijdens de limonade werden de meiden flink wakker geschud door coach Bauke waardoor de meiden de tweede helft een stuk scherper ingingen. Dit resulteerde wel in kansen, maar niet in doelpunten. Voor alle inzet hadden ze wel een goal verdiend, maar dat zat er niet in. De eindstand was dan ook dezelfde als de ruststand: 1-4.

Aukje Schellens, (regelmiep)

Onnodig verlies van THE Boys! (JO-9-1)

Vandaag had het er zeker ingezeten voor onze toppers! De 1e helft speelden ze gewoon fantastisch en hielden ze de koploper heel lang uit hun voetbal! Maar was het niet een foute terug speelbal en onoplettendheid bij een corner
waaruit gescoord werd 0-2 ruststand! 😔. In de rust kreeg ik de complimenten over het spel en inzet van de tegenpartij dat is super om te horen maar we staan wel achter! De 2e helft werd echt spannend want na de onnodige 0-3 kwamen we terug tot 2-3 door goals van Wietse en Henk Jan! Maar was het niet dat de middenvelders vergaten mee terug te verdedigen het werd 2-5 terwijl de 3-3 eerder in de maak was en ook terecht was geweest. Zuur verlies maar volgende week herstellen boys want we kunnen het absoluut! Koppies omhoog want we zijn groeiende👈🏻👈🏻👈🏻👈🏻👈🏻
groetjes jullie tevreden leider Dennis

Efkes Balje

Achte hear Blind, beste Danny
Kom ik freedtejûn thús nei in lekker potsje fuotbal en in noflike brûs, sjoch ik dat jo al yn it spier binne tsjin Wyt Ruslân, wylst ik tocht dat je sneon pas los moasten. Wij wiene yn dizze edysje fan it Efkes Baljen krekt oan it sjen wa’t jo noch oproppe koene. Want mei it oproppen fan Depay en Siem hawwe jo de ûndergrins berikt. Wij besochten jûn te spyljen mei in falske linkerspits, dyt net hoechde mei te ferdigenjen om sa de druk nei foaren te hâlden en altyd oanspylber te wêzen. It wie in sukses en normaal sprutsen hiene wij him jûn noch brocht, mar hij rekke krekt foar de ein blesseard. Wij besochten it mei twa stofsûgers op it middenfjild mei de sûchkrêft nei efteren. Beste Danny, der wie gjin trochkommen oan. Jo hiene se selekteare moatten. Wij lieten freed ien yn trije ferskillende systemen fuotbalje. Dêr hiene jo wat oan hân. Hij joech gjin krimp. Dêr hiene jo it heer(ma)tje mei west. Mar leafst 3 tige erfaren skiedsrjochters stiene der yn it fjild. Jo hiene der best ien fan de trije bijnimme kind yn it plak fan Depay en Siem. Sij witte de rigels better as dy twa.
En beste Danny, wolris heard fan Hinnaard? Of hawwe jo dêr net in djoerbetelle skout sitten? Hinnaard, dêr sit de erfaring en de routine yn de persoan fan Chiel. Hij makke de winnende…..wat dat dy man in rêst foar it doel.  En sa kin ik wol trochgean, mar it hat dus gjin sin mear om alles te melden oer de liederskapasiteiten fan de iene, it fernuft fan de oare, de ynset, de kopkrêft, it doelgerichte sjitten, it ynsicht en foaral de laits dy’t ik sa mis bij jo ballers. Jo binne mar gau in dei earder losgien. Dom, hiel dom.
It bin drege tiden foar jo. Logysk liket mij. At je net de muoite nimme om in moaie freedtejûn efkes ôf te reizgjen nei Easterein dan sitte jo neist Depay en Siem op de bank. Dan falt er net folle te gnizen of it soe Depay wêze moatte, ferklaaid as swarte Pyt. Dan kinne je mar better in Korbach neist je sitten ha.
Freonlike groetnis fan Aant en ek fan
Sipke, Chiel, Pieter, Theo, Ferry, Johan, Harry,
Folkert Rients, Pieter,  Friso, Dennis, Douwe, Menno, Frank