Weppers freed 7-3-2025
7 maart 2025SDS 1 – YVC 1 yn byld
9 maart 2025Mei 10 thúswedstriden en moai waar liket it wer in moaie sneon te wurden.
At de sportive resulaten ek goed binne, meie wij efterôf miskien wol sizze dat it in supersneon wie.
SDS 1 is noch yn de race foar de twadde perioade. Dan moat der gewoan wûn wurde fan YVC 1
09:00 | SDS MO11-1 – Oerterp MO11-1 | 8-0 |
09:00 | SDS JO10-2 – LSC 1890 JO10-5 | 11-6 |
09:30 | SDS JO13-1 – Makkum JO13-1 | 3-1 |
10:15 | SDS JO11-1 – V.V. Heerenveen JO11-2 | |
10:15 | SDS JO10-3 – Terschelling JO10-1JM | |
11:15 | ST SDS/Nijland JO15-1 – QVC JO15-1 | 8-0 |
11:30 | SDS JO12-1 – Zeerobben JO12-1 | 1-0 |
11:30 | ST SDS/Nijland JO11-2 – VV Sneek Wit Zwart JO11-3 | 16-1 |
14:30 | SDS 1 – IJVC 1 | 2-3 |
14:30 | SDS 4 – ST Arum/Stormvogels’64 2 | 3-0 |
08:45 | SC Franeker JO9-2 – SDS JO9-2 | |
09:00 | SC Bolsward JO14-2 – ST SDS/Nijland JO14-1 | 3-4 |
09:00 | ONS Sneek JO9-1 – SDS JO9-1 | |
09:00 | Oosterlittens JO8-2 – SDS JO8-1 | |
09:30 | Blauw Wit ’34 JO10-1 – SDS JO10-1 | 5-5 |
11:00 | Makkum JO12-2 – SDS JO12-2 | |
14:30 | DWP 2 – SDS 2 | 0-0 |
15:15 | Workum 5 – SDS 3 | 1-2 |
15:15 | VV Sneek Wit Zwart JO19-1 – ST SDS/Nijland JO19-1 | 2-3 |
SDS 1 – YVC 1
Douwe
DWP 2 – SDS 2
De brilstân yn Sint Jut
Juster moasten wy ôfreizgje nei it plak wêr’t de Peijnenburg fabryk stiet en ús ontbijtkoeken (wêrûnder Snelle Jelle) makke wurde: Sint-Jânsgea. Yn de folksmûn ek wol: Sint Jut. Wy mochten hjir balje tsjin it twadde alvetal fan De Wite Peal (DWP). DWP stie op in kreaze 3e plak en hie 7 punten mear as ús. Op papier in swiere dobber. De thúswedstriid einige yn in 3-3 stân dus dat joech wol perspektyf.
De omstannichheden wienen lykas ferline wike wer optimaal. It keunstgers lei der goed by, de sinne skean en de loft wie blau.
It wie wol er in útdaging om in folsleine seleksje op poaten te krijen. Us goalie Mark wie blessearre oan ‘e pols en koe net meidwaan. Us stofsûger op it middenfjild, Ewout, wie eins ek blessearre mar wie wol ree om ús goal te ferdigjen yn Sint Jut. Bêst genôch, Ewout! Ek sterkhâlder Bauke wie der net. Dy woe yn it wykein ris echt goed fuotbal sjen en is by in wedstriid fan Sunderland yn Ingelân. Ta beslút wie Jort ree om mei te dwaan en ús sa út de brân te helpen.
It wie foar coach Marco wol wer puzzeljen om in opstelling te meitsjen. De grutte ferrassing wie Jurjen op nûmer 6, dus op it plakje fan syn sweager Ewout. Niels kaam oer fanút SDS1 en stie yn ‘e spits. Ek krigen wy Sietze mei fan it 1e, mar dy koe mar 30 minuten balje. Derneist siet Jesse, krekt werom fan Sri Lanka, by de seleksje. Hy wie knap brún wurden en hie syn snor stean litten. Al mei al in tropyske ferrassing sa op de Fryske fuotbalfjilden.
Om klokslach healve 3en floot de skiedsrjochter fan tsjint foar it begjin fan de wedstriid. It wie al gau dúdlik dat DWP de fuotbaljende ploech wie. Fia crosspassen wisten sy goed it spul te kanteljen en harren flanken te finen, om sa oertal situaasjes te kreëarjen. Dit resultearre gelokkich net yn grutte kânsen. Mar SDS stie wol de hiele tiid ûnder druk.
Wy kamen sels striemin oan fuotbaljen ta en der wienen weinich hichtepunten. Yn it lêst fan de earste helte krigen wy wol in dot fan in kâns. Jurjen stjoerde Niels fuort mei in knappe djiptebal. Niels socht op syn beurt de achterline en joech de bal breed op ‘e twadde peal, wêr’t Wessel stie. Spitich genôch siet der noch krekt in ferdediger fan DWP tusken. Oars hie dit grif de 0-1 west. Koart dêrnei floot de skieds foar rêst, mei as rêststân 0-0.
Nei de rêst kamen wy wat better yn ús spul en krigen we mear kânsen. Ek waarden wy wat feller yn ‘e duels. Al wienen der wol in soad flaters oan beide kanten en wie it foar de neutrale taskogger (net dat dy der fierder wienen) net in oantreklike wedstriid.
It slagge net om de kânsen dy’t wy krigen yn de 2e helte te fersilverjen. Der hie absoluut ien yn kinnen. De grutste kâns wie 10 minuten foar tiid foar Niels, dy’t ien op ien kaam op de keeper fan DWP, mar de bal net yn it net krije koe.
Dêrom einige dizze wedstriid krekt sa as er begûn: yn ‘e brilstân.
Op nei nije wike! Dan meie we tsjin Leeuwarder Zwaluwen. Sy stean ien puntsje ûnder ús, mar wol mei 4 wedstriden minder.
Allert Turksma
Workum 5 – SDS 3
SDS 3 wint samar mei 2-1 yn Warkum. De doelpunten fan SDS wienen fan Niels Janssen en Pieter van der Valk.
Arum 2 – SDS 4
Mar leafst 6 spitsen hie koach Floris Hiemstra op papier setten om SDS 4 fan de nul te helpen. Dit slagge, want SDS wûn mei 3-0. De spitsen lutsen de gatten sadat Tjitse Postma, Mark Postma en Feite de Haan skore koenen. Nije wike is SDS 4 frij en dan meie sy sneon 22 maart thús balje tsjin koprinner ONS.
Hjir skoort Feite de 3-0 út in frije traap
VV Sneek Wit Zwart JO19-1 – ST SDS/Nijland JO19
In swierbefochten oerwinning neffens de korrespondint.
Doelpunten: Gjelt Kempe (2) en Pieter Bouma.
SDS/Nijland JO11-2 – SWZ JO11-3
Op een stralende zaterdagmorgen mochten wij het opnemen tegen de gasten uit Sneek. Dit keer een laat aanvangstijd van 11.30 uur. Desondanks was er nog een speler die zich verslapen had maar dat kan gebeuren.
In de box was het druk met andere teams dus hebben we de bespreking op het veld gedaan. Vooraf leek het qua stand een wedstrijd te zijn die we moesten gaan winnen maar je weet het nooit.
Vandaag deed Jorn Bakker voor het eerst met ons mee en we konden zien dat dit een speler is die zo kan aansluiten.
Ons spel wordt de laatste weken beter en hierdoor kunnen we veel tegenstanders het lastig maken of zelfs onmogelijk.
Door de druk in het midden te mijden maken we veel gebruik van de zijkanten.
Met Roan op de goal hadden we een solide keeper die bijna niet in de problemen kwam.
Vanaf minuut 1 werd er gas gegeven en dat leidde tot een 6-0 ruststand. Na rust stond de wedstrijd in het teken van de nul houden en een fantasie opstelling waarin de normale achterhoede spelers voorin mochten staan om een keer een goal te maken. Dit lukte wonderwel heel goed. Mauk stond nog maar net voorin en pikte zijn goal direct mee.
Ook Senne, die elke week beter wordt, mocht naar voren en scoorde zelfs twee keer. Dit waren zijn eerste doelpunten ooit volgens mij. Het hele team hielp hierbij en dan is het super dat het lukt. Zelf was Senne zo verbaast dat hij amper kon juichen. Maar al met al een echte teamprestatie en de wedstrijd eindigde in 16-1. Ja, de nul werd niet gehouden, maar bij zulke standen is het ook wel eens logisch dat de verdedigende taken worden vergeten.
Komende woensdag spelen we een avondwedstrijd in Oosterend om 19 uur tegen Hielpen. Kom gerust kijken.
Jappie de Boer